Hoarn (koperblaasynstrumint): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ro:Corn (instrument)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ro:Corn francez; tekstwiziging
Rigel 2:
De '''hoarn''' is in [[koperblaasynstrumint]] dat sûnt lange jierren wichtige funksje hân hat.
 
== Beskriuwing ==
Hjoed de dei (2007) kenne wy de hoarn as blaasynstrumint, mar fan oarsprong waard it ynset by de jacht. Ek hie de hoarn oare synjaalfunksjes, lykas de posthoarn, synjaalhoarn en bugel. De hoarrn wurdt ta de koperblaasynstruminten rekkene.
 
In hoarn is in koperen buis dy't begjint mei it mûlestik fan sawat 17 mm trochsnede, dêrnei sa'n 12 sintimeter lang koanysk útrinnend. Nei in silindrysk stik (sawat it tredde part fan de lingte fan de hiele hoarn) komt de buis út yn in koanyske beker mei in trochsnede fan sa'n 30 sm. De beker is gâns grutter en oars fan foarm as dy fan de [[trompet]]. De folsleine lingte fan de hoarn hinget ôf fan de grûnstimming fan it ynstrumint: in Bes-hoarn is sa'n 2,75 meter, in F-hoarn 3,78 meter en in C-hoorn 4,72 meter. Tsjintwurdich is in kombinaasje fan twa hoarns yn ien ynstrumint wenst, nammentlik de dûbelhoarn (F - Bes). Dat is it standertynstrumint yn profesjonele [[symfony]]-orkesten. De dûbelhoarn wurdt brûkt foar it grutter meitsjen fan it berik en it krijen fan in oare klankkleur: de Bes-hoarn hat in skerpere klank en is dêrom geskikter foar synjalen; de F-hoarn is sêfter fan klank en geskikter foar it yn 'e mande spyljen mei [[houtblazers]] en [[strikers]]. In seldsumheid (hoewol hieltyd faker foarkommend) is de tripelhoarn (F - Bes - f). Op de ôfbylding is in dûbelde hoarn te sjen, wer te kennen oan de dûbelde laach bûgde buizen dy't oan de kleppen setten.
 
== Oarsprong ==
De hoarn as [[muzykynstrumint]] stamt fan de 'bistehoarn' ôf. Troch in gat oan de ein of oan de sydkant koene je troch mei de lippen te triljen, toanen meitsje. Tusken de 12e en 16e ieu giene se fan de ienfâldich kromme foarm fan de bistehoarn oer op de wuolle foarm, dêr't de [[18e ieu]]ske natuerhoarn út fuort kaam. Op in natuer- of jachthoarn koene natuertoanrigen spile wurde: c-grut, c-lyts, g, c1, e, g, bes, c2, d, e, fis, g, a, bes, b, c3, cis, d, dis, e, f.
Troch de hân yn de beker te dwaan (it saneamde stopjen) koe de natuertoanrige manipulearre (krekter sein: ferlege) wurde sadat groamatyske toanljedders spile wurde koene yn de lyksweefjende natuer. In hoarn is in tige dreech ynstrumint om heech mei te spyljen.
 
== Untjouwing ==
By de hoarn waard in searje rûnbûgde buizen levere fan ferskillende lingtes, sa koe de hoarn nei fersate grûnstimmings omstimd wurde; de saneamde "Cor d'Orchestre". Yn [[1754]] makke [[Hampel]] út [[Dresden]] de saneamde ynfinsjehoarn. Hy ûnderbriek ien fan de grutste winingen en sette dêr in U-foarmige, útskobere stimbuis tusken (dy fine wy oan de efterkant fan de hjoeddeiske hoarns noch altyd!). De hoarn stimde doe better. Foar soksoarte hoarns hat [[Wolfgang Amadeus Mozart]] syn hoarnkonserten skreaun. In folgjende stap wie de Cor Solo. Dy hie in fêste mûlepiip, sadat it mûlestik altyd itselde op de hoarn siet. De U-foarmige stimbuizen waarden no útwikselber, mar allinnich yn de haadtoansoarten: D, Es, E, F en G, sadat de hoarnist partijen yn oare toansoarten transponearje moast. Dy ûntjouwing begûn yn [[Frankryk]] om [[1830]] hinne. Troch dat transponearjen ûntstie de saneamde Cor-Mixte, dy't mar in berik fan oardel oktaaf hie. In ûntjouwing dy't (gelokkich) útstoarn is.
 
Yn it [[Dútske]] taalgebiet waarden om [[1815]] hinne fentilen op de hoarn oanbrocht; earst twa, letter trije. Ut stúdzjes fan âlde hoarnmetoaden docht bliken dat de fentilen brûkt waarden om toanljedders te spyljen sûnder de rjochterhân te brûken, sa't by de natuerhoarn wenst wie. [[Robert Schumann]] wie ien fan de earsten dy't foar de fentylhoarn skreau; syn ferneamde [[Adagio]] en [[Allegro]]. [[Brahms]] en [[Carl Maria von Weber]] (beide amateurhoarnisten) wiene fûleindige tsjinstanners fan de 'nijerwetske' fentylhoarn, omdat it kleurepallet fan de natuerhoarn mei it brûken fan de fentilen ferlern gie. Brahms neamde de fentylhoarn lekskoaiend in "Blechbratsche" (letterlik: koperen altfioele). Yn [[Switserlân]], dêr't [[Henri Kling]] wurke, wie in mikste technyk oan de oarder: natuerhoarntechnyk mei gebrûk meitsjen fan fentilen.
Rigel 23:
Bekendste Fryske hoarnist is [[Jacob Slagter]] dy't solohoarn spilet by it Koninklijk Concertgebouworkest.
 
== Althoarn ==
[[Ofbyld:Tuba.png|thumb|250px|Bastuba]]
De althoarn is in frij jong ynstrumint út sawat [[1843]]-[[1845]]. It is in streekrjochte 'ôfstammeling' út de sakshoarnfamylje fan Adolphe Sax. Fan [[1851]] ôf wurdt dit ynstrumint yn in [[brassband]] brûkt. Oare beneamings foar althoarn binne: cor, corhoarn, stellahoarn of eshoarn. De althoarn is makliker te bespyljen as de boppe beskreaune (en op de ôfbylding te sjen) dûbelhoarn. It ynstrumint is hiel geskikt foar bern om mei te begjinnen. Der is gauris betizing oer de krekte namme fan it ynstrumint. De althoarn wurdt benammen yn brassbands brûkt en wurdt dêr meast koartwei 'alt' neamd. Sa no en dan ek noch yn in fanfare of harmony. De foarm fan de althoorn wykt bot ôf fan de dûbelde hoarn. Hy liket folle mear op de [[bastuba]].
Rigel 33:
</gallery>
 
[[kategoryKategory:koperblaasynstrumint]]
 
[[ar:هورن]]
Rigel 68:
[[pt:Trompa]]
[[qu:Qiqiri]]
[[ro:Corn (instrument)francez]]
[[ru:Валторна]]
[[sk:Lesný roh]]