Klaudius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: ia:Claudio
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: hu:Claudius római császár; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Claudius (M.A.N. Madrid) 01.jpg|thumb|right|200px|Keizer Klaudius I]]
'''Klaudius Caesar Augustus Germanikus''', koartsein keizer '''Klaudius I''' ([[10 f. Kr]] - [[54|54 n. Kr.]] wie nei [[Augustus Oktavianus|Augustus]] de tredde keizer ("princeps") fan it [[Romeinske Ryk]]. Syn foargonger wie keizer [[Kaligula]], dy't yn [[41]] fermoarde waard. Klaudius wie in omke fan Kaligula, en al goed fyftich jier doe't er it keizerskip krige.
 
== Foarskiednis ==
Klaudius syn mem wie [[Antonia Augusta]] en hy beppesizzer fan [[Livia Drusilla]], de lêste frou fan keizer Augustus. Hy wie behept mei wat lichaamlike ûngemakken. Hy rûn wat mank, stammere en wie nei alle gedachten ek licht [[spastysk]], wêrtroch in soad fan syn tiidgenoaten him as achterlik beskôgen, hoewol't him geastlik neat mankearre. Troch syn neiste famylje waard er links lizzen litten; hoewol't syn âldomke keizer Augustus wol in soad wille oan him belibbe om't er tige yntelligint wie. Hy wie dan ek faak by de keizer. Syn mem woe yn alle gefallen neat mei him te krijen hawwe.
 
Rigel 9:
Mei keizer Augustus koe Klaudius it goed fine, mar mei syn omke [[Tiberius]] dy't keizer Augustus yn [[9]] opfolge hied er amper kontakt.
 
== Keizer ==
Nei de dea fan keizer Kaligula drige de [[praetoriaanske garde]] opheft te wurden, wylst de [[Romeinske senaat|senaat]] mei inoar yn debat wienen oer de mooglikheden de [[Romeinske Republyk]] te werstellen. It pretoriaanske kamp makke brûk fan de situaasje troch Klaudius, as ienich oerbleaun manlike familylid, gau as nije keizer yn it poarper te hysjen. De senaat lei har nei in oantal dagen del by de kar foar Klaudius. Under it bewâld fan Klaudius hawwe ferskate senatoren fergees besocht in steatsgreep te pligen. Om dizze reden waarden tidens syn regear mear as 35 senatoren terjochtsteld.
 
Rigel 18:
As leafhawwer fan [[wittenskip]], stúdzje en boeken oer it generaal joech Klaudius geregeld grutte sommen jild fuort oan bibleteken, û.o. de ferneamde [[bibleteek fan Aleksandrje]].
 
== Houliken en dea ==
Klaudius hie gjin gelokkig houlikslibben. Hy troude yn totaal fjouwer kear. Benammen syn houlik mei de tredde frou [[Messalina]] wie striemin. Sy wie in wyld minsk dat Klaudius graach foar skut sette mocht mei har seksuele útspattings. Omdat syn posysje dêr ûnder te lijen hie, liet hy har úteinlik eksekutearje.
 
Nei har dea troude Klaudius mei [[Julia Agrippina minor|Julia Agrippina]], de dochter fan syn broer [[Germanikus]]. Agrippina hellet him oer om har soan út in earder houlik te adoptearjen. Dizze soan wie de letter berucht wurden [[Nero|keizer Nero]], dy't op syn sechtjinde as opfolger oanwiisd waard. Klaudius passearde hjirmei syn eigen soan [[Britannikus]]. Dizze kar soe Klaudius needlottich wurde, want al nei in jier waard er troch Nero fergiftige.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roman-emperors.org/claudius.htm {{Aut|G.G. Fagan}}, artikel oer Klaudius (41-54 A.D.), yn ''DIR'' (1998).]
 
[[Kategory:Romeinske keizer]]
Rigel 52:
[[he:קלאודיוס]]
[[hr:Klaudije]]
[[hu:Claudius római császár]]
[[ia:Claudio]]
[[is:Claudíus]]