Wim en Hans Anker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 7:
Yn in soad gefallen komme kliïnten by de Ankers terjochte út alle hoeken fan it lân, bytiden nei wegere te wêzen troch alle oare abbekaten. Yn in tal gefallen, dêr't foar it publyk de skuld dúdlik by fêststie, krigen se bedrigings. Mei de CP'86 saak waard it kantoarpân bekûgele mei húskepapier. Wim en Hans Anker beweare lykwols dat eltsenien by harren terjochte kin. Wêr't jo ek fan fertocht wurde, wa't jo ek binne: elts hat rjocht op in earlik proses. Boppedat is ien altyd ûnskuldich oant it tsjindiel bewiisd wurdt.
 
[[De twilling Anker|Wim Anker en Hans Anker]] binne aktive gongmakkers yn it ferieningslibben fan Akkrum. Foarbylden binne it [[Frysk kampioenskip mêstklimmen]], [[Tûne-Lûke]] en [[Slingeraap]]. Se binne ek supporter fan [[SC It Hearrenfean]]. De bruorren binne net allinnich leafhawwers fan it libbenssliet, mar binne sels ek entûsjaste fertolkers. Se ferlienden meiwurking oan in cd fan [[Oane en Skelte]] yn it Frysk. Ek oan in cd fan it dweilorkest De Glêsblazers út It Hearrenfean en wurken de bruorren mei mei it liet ''Heerenveen foar altyd''. Op in cd fan Radio Yllegaal sjonge se it nûmer: ''Der komt wer in yllegaal''.
 
Se brûke by harren wurk en yn 'e omgong in soad humor. De iene neamt de oare 'Joop" en ek wol 'it aai' omdat de manlju beide aardich troch it hier binne. Sa neamden se harren abbekatekantoar ris "Anker & Anker, foar al jo misdieden". By feesten foel it harren op dat de skoften faaks it gesellichst binne. Hja besleaten doe in "pauzefeest" te hâlden by kafee Goerres yn Akkrum; der stie neat op it programma: it gie ommers om de gesellichheid..