R.L. Burnside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+nl: (vertaald uit fy:)
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 7:
De earste opnamen fan Burnside datearje fan [[1969]] ûnder produksje fan [[George Mitchel]] en binne útbrocht op ''Mississippi Delta Blues Volume 2'' fan [[Arhoolie Records]]. Nei noch in album mei akoestyske blues yn dat jier soe it oant 1984 duorje eart fan him in plaat útbrocht waard: ''Mississippi Hill Country Blues'' op Swingmaster. Ferskate singles folgen, útbrocht troch David Evens op Highwater Records.
 
Dêrnei kaam hy ûnder kontrakt by [[Fat Possum Records]], oprjochte troch ''[[Living Blues (muzykblêd)|Living Blues]]''-redakteur Peter Lee en Matthew Johnson om de âldere Mississippi bluesmannen lykas Burnside en syn freon [[Junior Kimbrough]] fêst te lizzen. Burnside is Fat Possum jierren ta trou bleaun.
 
Nei de dea fan Kimbrough stoppe Burnside mei it studiowurk; wol soe er oant 2001 regelmjittich op toernee gean. Nei't Burnside yn 2001 troffen waard troch in swiere hertoanfal, waard it drinken him troch de dokters ferbearn, wêrtroch Burnside nei eigen sizzen, ûnmooglik mear spylje koe.