Aggie van der Meer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan Tresoar
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto der by
Rigel 1:
'''Aggie van der Meer''', ( [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[2 septimber]] [[1927]] ) is in Frysk skriuwster dy't har hiele libben yn Boalsert tahâlden hat. Se folge in oplieding ta analiste en in tekenoplieding en túnûntwerper. De fan hûs út roomske Van der Meer krige in baan as learares tekenjen oan de iepenbiere mavo yn Boalsert. Mei har man die se túnûntwerp en túnoanlis, hy die de oanlis, sy it ûntwerp. Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en wie ien fan de inisjatyfnimsters fan Leefbaar Friesland, in beweging dy't him ynset foar de sosjale ferhâldings yn tsjerke en maatskippij en foar biologyske lânbou.
[[Ofbyld:Aggie van der Meer Tresoar 37.jpg|thumb|right|240px|''Aggie van der Meer'']]
 
== Skriuwen ==
Van der Meer is op lettere leeftyd begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Foar de fredesbeweging en Leefbaar Friesland skreau se wol altyd al artikels. It iennige proaza dêr't se har al ris oan weage hie, wie it berneboek ''It kemiel fan omke Romke'' (1964). Wol publisearre se inkelde gedichten yn de literêre tydskriften Hjir en Tzum, en yn it digitale tydskrift Kistwurk. Har debút yn boekfoarm wie ''De stêd, it bist, de ingel'' (2000). In pear jier letter waard it bewurke ta toanielstik.