Tomke (lêsbefoardering): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Kategory
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Tomkekarre.jpg|thumb|300px|It mantsje Tomke ferskynt ek yn optochten, hjir yn [[2007]] yn [[Ingelum]].]]
'''Tomke''' is in lêsbefoarderingsprojekt foar pjutten. Yn [[1996]] ferskynde it earste Tomke-boekje dat yn in oplage fan 3.000 stiks ferspraat waard ûnder pjutteboartersplakken. Yn dat en yn lettere boekjes belibbet Tomke allerhande aventoeren mei syn hûntsje Romke en mei Kornelia, de kangoeroe (pûdehipper). Op [[30 septimber]], [[2006]] fierde Tomke syn 10de jierdei yn [[De Harmonie]] yn Ljouwert.
 
Hjoed de dei (2007) is om Tomke hinne gâns materiaal te krijen: foarljochtingsfolders, kleurplaten, mouhimden, magneten, fytsflachjes, klompkes en sels meubilêr. Yn [[2006]] wie de oplage 18.000. De lêste jierren ferskine de boekjes ek yn in [[Biltsk]]e en [[Stellingwerfsk]]e fariant. Boppedat ferskynde by de iepening fan de 'Pontjesbrug' op Curaçao in edysje yn it [[Papiaments]]. En ûnderwilens is Tomke ek yn de Noardfryske dialekten gjin ûnbekende mear.