Feanwyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 7:
In diel fan it ynterieur is bewarre bleaun: in diorama en muorredekoraasjes (ien mei jachtattributen en ien mei tekens fan de [[Frijmitselerij]] der op). Fan de bûtekant fan it gebou binne gjin ôfbylden.
 
Troch erfenis kaam it yn eigendom fan Tjalling Menno Watse Baron van Asbeck (1795 - 1855), dy’t yn 1818 troude mei Elbrig fan Bienema (1796 - 1866). In lettere Epke Roos fan Bienema ([[1811]]-[[1901]]), de eigner fan [[Herema State (It Hearrenfean)]] oan de dyk tusken [[It Hearrenfean]] en [[Aldskoat]] ferkocht it omtrint [[18461847]] publiyk oan Jan Berends Wouters ([[1795]]-[[1873]]) dy't dêrfoar noch op [[Jagtlust]] wenne.
 
Syn dochter Julia Anna Margaretha ([[1829]]-[[1892]]) liet Feanwyk ferbouwe. Har heit Jan Wouters hie by testamint fêstlizze litten dat at der gjin neisieten mear wêze soenen, it gebou net ta fabryk makke wurde maost om dêr de earmen fan Alskoat te wurk te stellen. Trochdat Julia der yn wenjen gie ferfoel dizze bepaling. Sy liet op har beurt fêstlizze dat nei har dea Feanwyk en alle kaptaal brûkt wurde moast foar ''"ongehuwde behoeftige dames uit den fatsoenlijken en beschaafde stand".''