Lisinius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: uk:Ліціній
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: af:Licinius; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Lisinius''', (folút yn it Latyn: ''Falerius Licinianus Licinius'' (likernôch [[265]] - [[maitiid]] [[325]]) wie [[List fan Romeinske keizers|keizer fan Rome]] fan [[11 novimber]] [[308]] oant [[19 septimber]] [[324]]. Hy regearde oer it eastlike ryksdiel fan it Romeinske ryk en wurdt sjoen as de grutste tsjinstanner fan [[Konstantyn de Grutte]].
 
== Opgong as keizer ==
Lisinius kaam út in laach fan boeren út [[Daasja]]. Hy wie kriichsmaat en freon fan keizer [[Galerius]]; yn [[297]] die er mei oan in ekspedysje tsjin de [[Perzen]]. Nei de dea fan [[Severus II]], dy't troch Galerius nei it westen stjoerd waard om de opstân fan [[Maksentius]] del te slaan, mar dêr sels sneuvele yn de striid, waard Lisinius syn wetlike opfolger op [[11 novimber]] [[308]]. Hy krige de Romeinske provinsjes [[Traasje]], [[Pannoanje]] en [[Illyrikum]] tawiisd om te bestjoeren.
 
Rigel 11:
Dizze ûntwikkelings koe de tredde hearsker yn it Romeinske ryk, Maksiminus II Daia, net bekoare. Hy wie lilk op Lisinius, omdat er him ferbûn hie mei Konstantyn en dat sadwaande Maksentius útskeakele wie. Maksiminus stjoerde syn troepen fuortendaliks de Bosporus oer en foel Lisinius oan. Maksiminus naam yn april [[313]] nei in belegering fan 11 dagen de stêd [[Byzantium]] yn, mar koart dêrnei op [[30 april]] waard Maksiminus lykwols troch Lisinius ferslein yn de [[Slach by Adrianopel (313)|Slach by Adrianopel]]. Dêrnei waard Maksiminus noch in kear ferslein, mar diskear foargoed. Net lang dêrnei stjert Maksiminus en einige de striid.
 
== De boargerkriich tusken Lisinius en Konstantyn ==
Alhoewol't Konstantyn en Lisinius troch famyljebannen mei inoar ferbûn wienen, ûntstienen der lykwols spanningen omdat beide it allinnich foar it sizzen hawwe woenen. De krekte oanlieding is net mear bekend, mar op [[8 oktober]] [[314]] kaam it ta in oarloch tusken beide keizers. De slach einige yn it foardiel fan Konstantyn, mar it wie in [[pyrrhusoerwinning]]. Beide legers wienen ôfmêde troch de striid en der waard in soartemint staak-it-fjurjen sletten.
 
Rigel 20:
In skoft hearske der frede, mar yn [[321]] bruts der alwer in konflikt út. Diskear wie der ferskil fan opfetting oer it kristlik leauwen en woe Konstantyn in ekspedysje fiere tsjin de Goaten yn Traasje. Lisinius hie in oantal wetten ynfierd dêr't Konstantyn him lilk oer makke. En oarsom wie Lisinius fan betinken dat Konstantyn syn fjildtocht in ynminging wie op syn grûngebiet. De relaasje waard hieltyd minder en fan [[324]] ôf wie der wer oarloch. Lisinius ferlear hieltyd en waard de dei nei syn lêste nederlaach op [[18 septimber]] twongen ôf te treden. In heal jier letter waard er troch Konstantyn deamakke.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roman-emperors.org/licinius.htm {{aut|M. DiMaio Jr.}}, artikel oer Lisinius (308-324) yn ''DIR'' (1997), (Ingelsk).]
* [http://www.ccel.org/ccel/schaff/npnf202.ii.iv.iv.html {{aut|P. Schaff - H. Wace}}, Socrates Scholasticus, ''Hist. eccl.'' IV, (Ingelsk).]
 
[[Kategory: Romeinske keizer]]
 
[[af:Licinius]]
[[bg:Лициний]]
[[ca:Licini I]]