Tjitse Smeding: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Tjitse Smeding''', ( ? - Toulouse, 2 april 2010) wie de súksesfolste trener en pikeur van dravers út Fryslân]] ea. Hy helle 2137 oerwinnings en wie mar leafst njoggen ke...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
Smeding wie in revolúsjonêre trener dy't ivich socht nei fernijings yn de sport en trening. Syn teoryën, foar in grut part basearre op de atletykwrâld, wienen faak omstriden, mar leveren grutte súksessen op. By de jonge hynders wie hy syn tiid fier foarút en syn twajierrigen wûnen jierrenlang hast alle klassikers. Syn hynders hienen in grut úthâldingsfermogen en waarden altiten gau yn de oanfal stjoerd. Ienris op kop wienen se net mear yn te heljen.
== Tsjinslaggen ==
Undanks de sportive hichtepunten gie it libben fan de grutste fakman ûnder de Fryske dravertreners net oer roazen. Yn [[1990]] kaam hy mei Creese K. op de baan fan Hilfertsom swier te fallen en folge in lange revalidaasje. Nei syn werstel liet Smeding it riden fan de hynders, troch de need twongen, oan oaren oer. Boppedat oerwûn er kanker. Doe't hy yn Frankryk by in auto-ûngelok hbeneibenei al syn bonken bruts, focht er nochris mei súkses werom. Yn [[2002]] ferhuze er nei FRankrykFrankryk, dêr't er in beskieden entrainemint runde. Smeding stoar oan in akute ynfeksje oan de alfleisklier en lit syn frou Tamara en dochter Dagmar efter.
{{boarnen|boarnefernijing=
* [[Ljouwerter Krante]], Sportbylage, 6 april 2010, side 9]
}}