Pream: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto der by
Rigel 1:
[[Ofbyld:Prahm.JPG|thumb|300px|<small>''Pream op de helling''</small>]]
[[Ofbyld:Hurdsilen komelkers by Terherne 1930 001.jpg|thumb|right|300px|<small>''Hurdsilen mei preammen by Terherne ± 1930''</small>]]
[[Ofbyld:Hynder en meanmasine yn de pream 001.jpg|300px|thumb|right|<small>''Hynder en meanmasine yn de pream''</small>]]
In '''pream''' is in [[platboaiem]] foar it ferfier fan lânbouguod, bisten ensfh. oer binnenwetter. De pream is ien fan de âldste skiptypen; preammen waarden al brûkt yn de [[Romeinen|Romeinske tiid]].
 
Ear't it wegenet oanlein waard moasten de boeren oer it wetter om by harren lân komme te kinnen. Boeren brûkten hjir meastal in pream foar. Simmerdeis en yn 'e maitiid waard it fee, de hynders en it ark mei dizze preammen nei it lân ta brocht, mei in boom of mei in jaachline. Letter waard hjirfoar in (bûtenboard)motor brûkt. Foar gruttere ôfstannen waard in seil brûkt. Swurden oan’e sydkanten fan 'e pream soargen der foar dat it skip net ferlijere.
 
Earst wienen de preammen fan hout, letter waarden se fan izer gemaaktmakke. Se waarden ek brûkt om dong, hea en oar guod mei te ferfieren. It wiene lykwols gjin konkurrinten fan [[skûtsje]]s, dy waarden't brûkt waarden om gruttere ladings oer langere ôfstannen te ferfieren.
 
Nei de oarloch waarden in soad preammen opboud . Yn [[Terherne]] farde lykwols yn 'e sechtiger jierren al in [[sylpream]] “[[De Komelker (Terherne)|De Komelker]]” dêr't mei ploechjes minsken mei te silen koene.
Oan 'e ein fan de 20e ieu waarden de earste boerepreammen wer in eare hersteld, benammen troch de Fryske keunstner [[Ids Willemsma]] en troch [[Sjerp de Vries]]. Omdat der mei de opknapte preammen syld wurde moast, krigen dizze preammen in grutter túch. It blykten flugge en sportive skippen te wêzen. Mei’t de fleat restaurearre preammen groeide, woe men hieltyd leaver, krekt as eartiids, wer wedstriden hâlde.
Yn [[1996]] waard de stifting [[De Fryske Boerepream]] oprjochte, dy’t de klassefoarskriften fêststeld hat.