Willemsoard (Stienwikerlân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Streuper (oerlis | bydragen)
[[]]
Rigel 1:
'''Willemsoard''' is in plak yn de gemeente [[Stienwikerlân]] yn [[Oerisel]]. Willemsoard waard yn [[1820]] as koloanje troch de [[Maatskippij fan Woldiedichheid|Maatschappij van Weldadigheid]] stifte.
 
Binnen de lange rige fan 34 lytse kearnen yn Stienwikerlân dy't ûntstie nei de weryndieling mei [[Brederwiede]] en [[Iselham]] anno 2005, nimt Willemsoard it tige bysûnder plak yn. Ommers de skiednis fan de [[Maatskippij fan Woldiedichheid]] jout it doarp in opfallend histoaryske status. In skiednis dy't net sa fier werom giet yn ús jiertelling mar like boeiend as unyk neamd wurde mei, oerjitten mei in keninklik sauske. Willemsoard is fan 1820. Yn dat jier waard yn opdracht fan de Maatskippij begûn mei de oanlis fan wegen en de bou fan de earste 100 huzen. Mei dêrneist de grutte gebouwen lykas de wente fan de ûnderdirekteur, de spinseal mei waskhok, in wente foar de adjunkt-direkteur fabrykswezen en de skoalle mei ûnderwizerswente. De nedige grûn wie dêrfoar oankocht fan ûnder mear Het Heideveld [[Stienwikerwâld]].