Kleaster Mariëngaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 9:
Om in kleaster rjochten te jaan, moast it erkenning fan de oarder hawwe. Dêrom moast der in memmekleaster socht wurde. It wie net fanselssprekkend dat Freark dêrfoar it kleaster Mariënweerd útkeas. Yn Fryslân, dat hearde ta de biskop fan [[Utert (stift)|Utert]] waard de biskop wantroud. Hy wie net allinne in geastlike mar hy hie ek wrâldsk besit. Dêr waard Fryslân ek ûnder rekkene. De bannen tusken de biskop en Mariënweerd wienen tige nau, en om't in memmekleaster it tasicht hie op in dochterskleaster koe dit politike gefolgen hawwe. Dêrom hat Freark it [[kleaster Steinfurt]] yn Dútslân útsocht foar memmekleaster. Dat hie gjin politike bannen. In oare faktor kin ek west hawwe dat Steinfurt earst in Benediktiner kleaster west hie. De Benediktiners leinen har ta op it kweken fan gewaaks. Dy tradysje is yn Steinfurt troch de Norbertinen oernommen. Sa koenen de kleasterpleatsen fan Fryske Norbertiner kleasters wurde ta wat no "modelpleatsen" hjitte. Dat joech ek wer romte foar inisjativen foar de hierders.
 
== OpfolchersOpfolgers ==
 
* Freark waard opfolge troch Enno. Dy hat in protte wurk fersetten foar de útwreiding fan de gebouwen. Hy gie sels nei [[Dimter]] om dowestien te keapjen.
* De twadde opfolger fan Freark, [[Siardus]], wurdt beskreaun as in from en ienfâldich man. Hy woe it abtsgewaad net drage as broer ûnder de bruorren. Hy wurke sels mei op it lân en gie it swiere wurk net út ‘e wei.