Hannibal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 15:
[[Skipio Afrikanus]] foel Kartago oan en Hannibal waard weromroppen. Hannibal lanne yn Noard-[[Afrika]] en marsjearre nei Skipio Africanus, dy’t nei him ta kaam. Se moeten elkoar by it plak [[Zama]]. Doe't Hannibal syn oaljefanten oanfalle liet, iepenen de Romeinske rigen harsels, sadat de oaljefanten net folle skea oanbringe koenen. Efter de haadmacht waarden se oanfallen troch licht bewapene soldaten. Dêrnei foel de [[ynfantery]] fan de beide legers elkoar oan. De Kartagers wûnen maklik. Mar ynienen ferskynden de [[ruters]] fan de Romeinen. Dizze ruters wienen opsyk nei fiedsel. Se foelen de Kartagers yn de rêch oan. As se in kertier letter komd wienen, hienen de Kartagers wûn. Mar no rûn it oars. Nei de Slach by Zama flechte Hannibal nei [[Syrje]] en [[Bithynje]], wêr't hy himsels fan kant makke neidat hy ûntdutsen wie.
 
[[Kategory:Generaal]]
[[Kategory:Klassike Aldheid]]
[[Kategory:Tuneezje]]