Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan Eagmaryp nei Terkaple helle
Rigel 29:
Terkaple. Harren famyljewapens stienen ek ôfbylde op de souderskilderings, krektas de wapens fan Fryslân en oare meibetellers lykas de famyljes Jongema, Galama en Walta. Harren nammen steane boppedat noch op de grêfstiennen yn de flier flier fan de tsjerke. Dizze grêfstiennen leinen ek al yn de âlde tsjerke. De grutste stien is fan Douwe fan Roorda en syn frou Elisabeth de Borghreef (1610). In oare stien komt út 1570 mei de namme fan Kempo van Oenema der op en ''anno 1533 den 21 augusti sterf die eedele juffrou Doutye van Oenema''. De âldste stien dy't hjir lizze moat, mar net te sjen is (hy leit nei alle gedachten ûnder de flier by de preekstoel), stamt út [[1485]], hat de foarm fan in deakiste mei as opskrift: ''in het jaar ons Heren 1485 do staerf Tyepke Onamen, op Maydey. Biddet foer die syel en Pater noster''. De Terkaplester tsjerke waard yn 1854 ôfbrutsen omdat er te djoer yn ûnderhâld waard. In adfertinsje út de [[Ljouwerter Krante]] fan 21 april 1854 seit: “uit de hand te
koop: eene aanzienlijke partij tufsteen, ongeveer 70 last grof wrak en 20 last fijne keizel, liggende te Terkaple, geschikt om te water vervoerd te worden. Te bevragen bij J.H. Hilverda te Terkaple''.
 
By graafwurk binne oan de ein fan de [[20e ieu]] fûneminten fan in âlde tsjerke fûn. Dy moatte heard hawwe ta it ferdwûne doarpke [[Sint Jansgea]]. By de ûntginning fan it feangebiet oan de eastside ferpleatsten de trije doarpen, Eagmaryp, Terkaple en Sint Jansgea, har yn westlike rjochting. Yn de rin fan de [[13e ieu]] krigen de doarpen harren tsjintwurdige plak.
 
Op it stee fan de hjoeddeiske tsjerke stie earder in kapel. In [[dowestien]]nen kapel dy't ûnder behear stie fan de St. Pankrasparochy yn Aldeboarn,lykas yn in skriuwen fan biskop Guy fan Henegouwen út [[1315]] neamd wurdt. De namme Terkaple (=by de kapel), wurdt yn dat stik al neamd as “Capella”.
Dat der dowestien brûkt waard seit wat oer de âlderdom fan de kapel. Sûnt ûngefear 1200 begûnen mûntsen mei it bakken fan stien út [[klaai]] en waarden stienen gebouwen setten. Dowestien (mergel) moast oanfierd wurde út Dútslân en wie tige djoer. De kapel moat dus al foar 1200 boud wêze. Neist de tsjerke stie eartiids ek de skoalle en in pastorije, op itselde stee as hjoeddedei.
[[Ofbyld:Moune Hearresyl yn Terkaple.jpg|thumb|right|300px|<small>''Moune Hearresyl''</small>]]
[[Ofbyld:Moune Terkaple-Eagmaryp 001.jpg|thumb|right|300px|<small>''Moune Terkaple/Eagmaryp''</small>]]
[[Ofbyld:Eagmaryp pleats fan Sipkema.jpg|thumb|right|300px|<small>''Pleats fan Sipkema''</small>]]
=== Oenemastins ===
[[Ofbyld:Terkaple Skoarstienmantel Roordastins 5.jpg|thumb|right|300px|<small>''Skoarstienmantel Roordastins''</small>]]
Oan de oare kant fan de tsjerke, de noardside, stie yn de midsieuwen in stins. Oan dy stins binne de nammen Oenema en Roorda ferbûn. De nammen steane noch op de grêfstienen yn de tsjerke en yn de pleats noardlik fan de tsjerke. Yn de opkeamer fan de pleats is in skoarstienmatel dy't oarspronklik yn de stins stien hawwe sil. Op dy mantel seane de nammen fan Roorda’s. De skoarstienmantel is 2 meter breed en rêst op 2 pylders fan 2 meter heech! Boppe de trije beitele koppen, dy't allegearre ûngelyk binne, steane trije pear wapenboerden útkapt mei de namen: Jr. van Roerda Jvr. Elisabeth de Borgreeff (midden boppe)
Roerda-Ziaerda(Tjaarda) Borgreeff-van d Eemst (linksûnder) (rjochtsûnder).
De nammen fan it middelste wapenboerd binne de bewenners fan de stins. De nmamen by de linker
boerden sille de âlden fan Jonker Douwe fan Roorda west hawwe en dy by de rjochter boerden de âlden fan Jonkfrou Elisabeth de Borgreeff.
 
It ienichste jiertal dat op de mantel foarkomt is 1602 of 1607. It gehiel sil wol setten wêze troch de widdo Roorda as earebetoan oan har man dy't yn 1601 ferstoarn is. Dat is te sjen op de grêfstiennen yn de tsjerke.
 
== Moles fan Terkaple ==