Sisylje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TjBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: eml:Sizégglia
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 21:
Fierders hearre by Sisylje de [[Liparyske of Eolyske Eilannen]], it eilantsje [[Ustika]], de [[Egadyske eilannen]], it eilân [[Pantelleria]] en de [[Pelagysje eilannen]]. Dizze lêste twa eilannen lizze flak foar de kust fan Tuneezje en hearre geologysk besjoen ta it Afrikaanske [[kontinint]].
 
== Skiednis ==
De earste bewenners fan it eilân, noch foar de [[Grikelân|Grykske]] koloanisaasje wienen de [[Elymianen]], [[Sisany]] en [[Siselen]]. Letter waard Sisylje koloanisearre troch [[Fenysjers]] út [[Kartago]] en it âlde [[Grikelân]]. Dy koloanisaasje begûn yn de [[8e ieu f. Kr.]]. Sisylje foarme doe tegearre mei Súd-Itaalje it saneamde [[Magna Graecia]]. Fanút Sisylje soenen ferskate stêdstaten stifte wurde, wêrûnder [[Gela]], [[Agrigento (stêd)|Agrigento]], [[Selinunte]], [[Himera]] en [[Messina (stêd)|Messina]].
 
== Demografy ==
=== Befolking ===
Sisylje is benammen bekend fanwege de grutte oantallen [[ymmigranten]] dy't emigreard binne nei de [[Feriene Steaten]], de oarsprong fan de [[maffia]], it tanimmende [[toerisme]] en de noch hieltyd tige aktive fulkaan de [[Etna]].
 
=== Taal ===
Op Sisylje wurdt njonken it Italjaansk ek Sisyljaansk sprutsen, dat besibbe is oan it [[dialekt]] fan [[Kalaabrje]]. It Sisyljaansk wurdt as in eigen taal beskôge.
 
== Bestjoerlike yndieling ==
Sisylje bestiet út njoggen provinsjes. De provinsjes Agrigento, Kaltanissetta, Katania, Enna, Messina, Palermo, Ragusa, Syrasuse, Trapany.
 
== Geografy ==
=== Lânskip ===
Yn it easten, tichtby [[Katania (stêd)|Katania]], leit de fulkaan de [[Etna]] dy't as in grutte bult yn it lânskip tige oanwêzich is. Dêromhinne leit in frij flak gebiet. Hjir wurdt in soad fruit ferboud. Yn west en sintraal Sisylje wurdt it lânskip dominearre troch heuvels. Wat opfalt is de droechte dy't simmers hieltyd oanwêzich is troch de goudbrune kleur yn de heuvels, útsein troch de folle sitroen- en sinaasappelplantaazjes, dêr't befloeiïng oanwêzich is.
 
Rigel 44:
Utsein de fulkaan de [[Etna]], kent Sisylje yn har neite ek noch de relatyf besjoen lytse, mar tige aktive fulkaan [[Stromboly]], it noardlikste fan de [[Liparyske of Eolyske Eilannen]].
 
=== Wichtige stêden ===
De haadstêd fan Sisylje is [[Palermo (stêd)|Palermo]]. Oare grutte stêden binne:
* [[Katania (stêd)|Katania]]
Rigel 50:
* [[Messina (stêd)|Messina]]
 
== Klimaat ==
Sisylje beskikt oer in [[Middellânsk Seeklimaat]] mei waarme simmers en sêfte winters mei in protte rein.
 
== Ferfier ==
Fanút Messina is der in boatferbining mei Itaalje. [[Lofthaven]]s binne der yn Katania, Palermo en Trapany. Yn Katania is sûnt 1999 in [[Metro (ferfiermiddel)|Metro]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.regione.sicilia.it/ Offisjele side]
* [http://wikitravel.org/en/Sicily Wikitravel Sisylje, yn it Ingelsk]
Rigel 151:
[[szl:Sycylijo]]
[[ta:சிசிலி]]
[[th:แคว้นปกครองตนเองซิชิลีซิลี]]
[[tl:Sicilia]]
[[tr:Sicilya]]