Sjerp de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfold mei gegevens Sjerp de vries sels
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 1:
'''Sjerp de Vries''', ( [[Terherne]], [[12 augustus]] [[1925]] ), is in jachtbouwer, siler en ûndernimmer út Terherne.
 
Ferhuze yn [[1959]] út [[Eagmaryp]] nei Terherne; itselde jier kaam er yn it bestjoer fan VVV Terhorne en sylferiening 'Onder ons'. Kaam yn [[1962]] yn de wedstriidkommisje fan it skûtsjesilen by Terherne, de kommisje It Hearrenfean - Terherne; dat jier wie (heechstwierskynlik) de earste skûtsjewedstriid op de [[Snitser Mar]] ûnder lieding fan dizze kommisje. Nei in tal jierren folge De Vries Sander Krikke sr. op as lieder op it startskip, nei't der earst in tal jierren starten waard fan de pier ôf.<br>
Nei in tal jierren folge De Vries Sander Krikke sr. op as lieder op it startskip, nei't der earst in tal jierren starten waard fan de pier ôf. Fan 1985-1995 as foarsitter fan de sylried fan it skûtsjesilen (SKS) beneamd, mei Onno Zweep fan [[Snits (stêd)|Snits]] en Rob Dommerholt fan [[De Lemmer]] as leden.
Sylde eartiids mei de [[GWS-skou]]wen, letter mei de [[pream]]. Yn 1988 hat De Vries mei [[Ids Willemsma]] (eartiids ek wedstriidsiler mei in GWS-skou) elk in âlde pream sylklear makke. Hjir is hiel wat út fuort kaam. Sa rjochten se mei oaren út de omkriten fan Terherne op [[4 april]] [[1996]] de stichting [[De Fryske Boerepream]] op. Yn 2005 waard syn pream "Nije Kimen" by de iepening fan de [[Snitswike]] útroppen ta 'Boat fan it Jier 2005'.