Faas Wilkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: bg:Фаас Вилкес; tekstwiziging
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 4:
Faas Wilkes stoar op 82-jierrige leeftyd yn syn wenplak Rotterdam oan de gefolgen fan in hertstilstân.
 
== deDe earste jierren ==
Faas Wilkes moast fan jongsôf oan meubelmakker wurde om tegearre mei syn broer it transportbedriuw fan syn heit en omke, ferhuzerij Fa. Wilkes & Soannen ( letter as A. Wilkes en Soannen ) oer te nimmen. De ferhuzerij wie dochs net syn ropping en op 14 april 1941 debutearre hy by [[Xerxes]] op 17 jierrige leeftyd tsjin CVV (6-0).
 
Yn dy tiid wienen der yn Nederlân noch gjin profs, mar Wilkes woe dochs mei fuotbaljen syn brea fertsjinje. Wilkes en syn broer Leen dy't doelman wie by XerXes ferhuzen nei [[MVV]] yn ruil foar twa [[Bedford]] frachtweinen. Yn de amateur fuotbalwrâld fan doe wie dat in skande en Wilkes krige in spylferbod oplein fan in jier. Wilkes en syn broer hawwe hjir doe fan ôfsjoen en dat seizoen spile hy dochs foar Xerxes.
 
== neiNei it bûtenlân ==
Yn [[1949]] krige Faas Wilkes dan dochs wat er socht, in club dêr't hy mei fuotbaljen jild fertsjinje koe. [[Ynter Milaan]] bea him in kontrakt oan fan 60.000 [[Nederlânske gûne|gûne]] per jier. Hy wie nei [[Bep Bakhuys]] en [[Gerrit Vreeken]], dy't beide nei [[Frankryk]] gienen, de tredde Nederlânske fuotballer dy't yn it bûtenlân spyljen gie. Mar dit wie de earste echte grutte transfer fan in Nederlânske fuotballer nei in bûtenlânske topclub. De [[KNVB]] wie hjir lykwols net bliid mei en sleat Wilkes fanwege syn prof-status foar in oantal jier út fan it [[Nederlânsk alvetal]]. By de begraffenis fan Wilkes sei KNVB-foarsitter Jeu Sprengers dat soks net moatten hie.
Yn [[Itaalje]] spruts syn spulstyl en uterlik de fans daliks oan en Wilkes waard as gau de stjerspiler fan [[Inter Milaan|Inter]]. Hy krige dêr de bynamme "Il Tulipano". Healwei 1952 keapet [[Torino FC|Torino]] him wei by [[Ynter Milaan|Ynter]]. Troch in knibbelblessuere wurdt it lykwols in teloarstellend jier by [[Torino FC|Torino]] en Wilkes giet nei it Spaanske [[Falensia]]. By dizze Spaanske club bloeit hy wer hielendal op en wurdt hy letterlik nei in wedstryd op de skouders fan de supporters troch de stêd droegen as earbetoan foar syn optreden. Tegearre mei twa oare bûtenlanners, [[Alfredo Di Stéfano]] ([[Real Madrid]]) en [[Ladislao Kubala]] ([[FC Barcelona]]), groeide hy út ta de meast legindaryske fuotballer fan [[Spanje]] yn dy tiid.
 
== weromWerom yn Nederlân ==
Mei troch gesondheidsproblemen kaam Wilkes yn [[1956]] werom nei [[Nederlân]]. Hy keas foar [[VVV-Venlo|VVV]] út [[Fenlo]] omdat dy him in jiersalaris fan 50.000 gûne betelje woenen. It Nederlânske fuotbal wie lykwols noch net botte profesjoneel en hy koe dêrtroch net mear aardzje yn [[Nederlân]]. Nei twa seizoenen kocht Wilkes himsels frij en gie as spiler/trener nei it Spaanske Levante yn [[Falensia]]. Nei in jier by Falensia spile Wilkes noch trije seizoenen foar [[Fortuna '54]] en op 38-jierrige ferliet hy Fortuna foar syn earste leafde Xerxes wêr't hy oant syn 40ste jier syn fuotbalkarriêre ôfboud hat. Ofskie fan it fuotbal naam hy yn [[1964]]. Nei syn fuotbalkarriêre hie hy mei syn frou in moadesaak yn [[Rotterdam]].
 
Rigel 24:
Faas Wilkes wie in tige technyske spiler, dy't it leafst de bal by him hold. Dat hat ris ta de fersuchting fan [[Abe Lenstra|Lenstra]] laat dat fuotbal dochs echt mei alve tsjin alve spile waard, mar Wilkes reagearde: "Abe, as ik der fjouwer foarby bin, is it noch mar sân tsjin alve."
 
== clubsClubs ==
* [[1940]]-[[1949]]: [[Xerxes (fuotbal)|Xerxes]]
* [[1949]]-[[1952]]: [[Internazionale]]
Rigel 34:
* [[1962]]-[[1964]]: Xerxes
 
== EksterneKeppelings linksom utens ==
* [http://www.voetbalstats.nl/nedxi/sp559.html Ynterlâns]
 
{{DEFAULTSORT:Wilkes, Faas}}
 
[[Kategory:Nederlânsk fuotballer]]