Barrahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kaartsje
Rigel 1:
'''Barrahûs''' of '''Barhûs''' is in aadlik hûs fan de Aylva's dat tusken [[Wurdum]] en [[Goutum]] stiet. Op dit stee waard yn de [[15e ieu]] faak de [[lândei]] fan [[Eastergoa]] holden. It hûs waard ferneatige yn [[1492]] tidens de fjildslach, de [[slach by Barrahûs]], dy't hjir plak fûn.
[[Ofbyld:Stinzen om Wurdum.jpg|thumb|right|300px|''States om Wurdum'']]
 
Om Wurdum stienen eartiids in soad stinzen. Op it kaartsje binne oanjûn:
* 1.Aytta State
* 2.Unia
* 3.Camstra
* 4.Camstra (Bootsma)
* 5. Grut Camminga (boppe), Ald- of Lyts Cammingha (ûnder)
* 6. Barrahûs
* 7. Jousma of Eysinga State
== Namme ==
Wêr't de namme fuortkomt is net wis. De earste fermeldings binne fan 1360, as der skreaun wurdt oer ''Bergher huse'', en 1348 mei Bergera Stenhuse. Der stie ek wier in stienen hûs op dat plak: it kleaster fan Burgum, it [[Barrakonvint]], hie der in fersterke hûs. De namme koe dan komme fan dy fan it konvint, wat op himsels wer fan de namme ''Burgum'' komt.