Offerritueel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Kristendom, kopkes, literatuer, -ovo
Aliter (oerlis | bydragen)
L bewurkflaterke
Rigel 7:
Yn [[natoerreligys]] is it ûnderskie tusken de boppeneamde trije kategoryen net altyd like dúdlik. Yn it foarste plak binne offerrituëlen bedoeld om 'e goaden, natoergeasten of foarâlden geunstich te stimmen, sadat se foar lok en foarspoed foar harren ferearders soargje sille. Dat hâldt faak in kombinaasje fan tank- en skuldoffers yn. Op it súdlike [[Yndoneezje|Yndonezyske]] eilân [[Flores]], dat offisjeel fierhinne [[Kristendom|kristlik]] is, wurde bygelyks by eltse wichtige gelegenheid, útinoarrinnend fan berte, houliksfollûking en ferstjerren, oant 'e jierlikse rispinge of it bouwen fan in nij hûs, de âlde offerriten noch altyd yn acht nommen. Sels heechoplate, ferwesterske [[Florinezen]] offerje noch wolris in hin of in baarch oan 'e goaden en geasten. In dúdlik foarbyld fan kommunyoffers kin fûn wurde op it tichteby Flores leine Súdyndonezyske eilân [[Sabu]], dêr't tusken augustus en oktober op in ritueel offerplak by [[Namata]] biste-offers brocht wurde. It fleis fan 'e bisten wurdt oan 'e ein fan 'e offerrite ferparte ûnder de minsken en opiten.
 
Mar offerjen giet lang net altyd mank mei it slachtsjen fan bisten. Sa wurde op [[Java]] elts jier noch grutte rysoffers brocht oan 'e seegoadinne [[Nyai Loro Kidul]]. In noch better foarbyld fan in bloedleas offerritueel is it oeral foarkommen fan [[Ovo]]'s'' yn [[Mongoalje]].
 
Der besteane lykwols ek mear makabere offerrituëlen. Sa kamen yn it prekristlike [[Fidzjy]] ûnderskate ritueel skeinende rou-offers (in foarm fan skuldoffers) foar, dêr't men fan leaude dat se easke waarden troch de goaden. Sokke rou-offers koenen de amputaasje fan fingerkoatsjes en it jin tabringen fan brânwûnen omfetsje.