Slach by Megiddo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: zh:美吉多战役
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: zh:米吉多战役; tekstwiziging
Rigel 2:
De '''Slach by Megiddo''' wie in slach yn de [[1500 f. Kr.|15e ieu]] foar [[Jesus Kristus|Kristus]] tusken it [[Egypte|Egyptyske]] ryk fan [[Tutmoses III]] en in [[Kaan|Kanaänityske]] koalysje ûnder lieding fan de prins fan [[Kadesj]], wêrby't Tutmoses úteinlik wûn neidat er de stêd [[Megiddo]] oermastere hie. De slach is beskreaun troch de militêre skriuwer [[Tjaneni]] op de muorren fan de Timpel fan [[Amon]]. Dizze slach is de earste yn de wrâldskiednis wêrfan in beskriuwing bewarre bleaun is.
 
== Oanrin ==
[[Tutmoses I]] hie [[Syrje]] ûnder it Egyptyske gesach brocht. Dizze streek wie wichtich fanwege de hannelsrûtes en de houtfoarried. Nei de dea fan [[Hatsjepsoet]] foarme de lieder fan Kadesj in koalysje tsjin Egypte mei de kening fan Megiddo en krige stipe fan de kening fan [[Mitanni]].
[[Ofbyld:Tel megido.JPG|thumb|right|267px|De berch fan Megiddo]]
Rigel 9:
Yn it twaentweintichste jier fan syn regear, noch gjin jier nei de dea fan Hatsjepsoet, ferliet Tutmoses III Egypte mei syn leger om de opstannige steden werom te pakken. Yn it trijentweintichste jier fan syn regear kaam hy oan yn [[Gaza]]. Der gie hy fierder it lân yn nei Yehem wêrby't hy de kar hie út trije rûtes: in súdlike rûte troch Taanach, in noardlike rûte troch Djefty of de koartste de Aroene wie. Dizze lêste wie smel en ideaal foar in mûklaach.
 
Tutmoses naam de koartste rûte al seinen syn generaals dat er omgean moast. Nei trije dagen marsjearen troch de fallei kamen se oan by it fijanlike kamp. De fijân wie ferrast troch de frontale oanfal en waard dan ek ferslein. In soad fan harren flechten nei de stêd Megiddo. Mar de ynwenners seagen dat de Egyptners harren efternei kamen, dêrom besletten se om de poarte net iepen te dwaan. Wol lieten se klean del wêrtroch de troepen nei boppe op de muorre klimme koenen. Omdat de Egyptyske troepen it kamp fan de fijân plonderen, koenen in soad troepen de stêd feilich berikke. Sa ek de kening fan Kadesj en Megiddo. De stêd Megiddo waard wol omsingele troch Egyptyske soldaten.
 
== Belegering fan Megiddo ==
Rigel 17:
Mei de fal fan Megiddo waard it noarden fan [[Palestina]] alhiel oermastere en ek it suden fan Syrje. It hiele gebied oant Kadesj wie ûnder kontrôle kaam fan de [[farao]] en de lokale hearskers stjoerden harren opfolgers as finzene nei Egypte wêr’t se op Egyptyske wize opfieden waarden. De foarst fan Kadesj ûntkaam, mar yn [[1461 f.Kr]] waard ek Kadesj oermastere en inkele jierren letter stuts Tutmoses de [[Eufraat]] oer en fersloech hy de Mitanni.
 
=== Armageddon ===
Megiddo soe noch ferskeidene kearen it toaniel wêze fan ynternasjonale fjildslaggen yn [[609 f. Kr]] en yn [[1918]]. Yn de [[bibel]] seit [[Jehannes (evangeelje)|Johannes]] dat de keningen fan de wrâld de lêste slach leverje sille tsjin God: Armageddon of Har Megiddon, de berch fan Megiddo.
 
== Boarnen en literatuer ==
* {{aut|Grapow H.}}, ''Studien zu den Annalen Thutmosis des dritten und zu ihnen verwandten historischen Berichten des Neuen Reiches, 1949
* {{aut|Nelson H.}}, ''The battle of Megiddo, 1913
Rigel 27:
* {{aut|Keegan, John}}, ''A history of warfare'', Hutchinson, London, 1993.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.reshafim.org.il/ad/egypt/megiddobattle.htm Beskriuwing fan de slach]
* [http://www.meritneith.de/thutmosis_militaer.htm Tutmoses III, de Napoleon fan Egypte]
 
[[Kategory:Fjildslach|Megiddo]]
Rigel 53:
[[sl:Bitka pri Megidu]]
[[sr:Битка код Мегида (1469 п. н. е.)]]
[[zh:吉多战役]]