Konstantius II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: az:II Konstansi; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Flavius Julius Constantius''' ([[7 augustus]] [[317]] - [[3 novimber]] [[361]]), bekend as '''Konstantius II''', wie [[List fan Romeinske keizers|keizer]] fan [[septimber]] [[337]] oant 3 novimber 361.
 
== Libben ==
Konstantius waard berne yn [[Sirmium]], yn [[Illyrikum]], as de twadde soan fan [[Konstantyn de Grutte]] en syn frou [[Fausta]]. Op [[13 novimber]] [[324]] waard hy troch syn heit ta [[Caesar]] beneamd. Likernôch [[335]] troude hy mei syn earste frou, in dochter fan syn omke [[Julius Konstantius]] en healsuske fan syn neef [[Julianus Apostata]]. Hy hie allinnich in dochter, dy't troude mei de lettere keizer [[Gratianus]].
 
=== Opkomst ===
Doe Konstantyn de Grutte stoar yn [[maaie]] 337 wie Konstantius der fuort by om safolle mooglik macht te gripen. Hy wie wierskynlik dejinge dy ferantwurdlik steld wurde kin foar it útroegjen fan de heale manlike famylje fan Konstantyn. Yn septimber datselde jier ferdielde hy it ryk tegearre mei syn bruorren [[Konstantyn II]] en [[Konstans|Flavius Julius Constans]]. Konstantius krige it eastlike diel, mei útsûndering fan [[Traasje]], [[Achaea]] en [[Masedoanje]], dat by Konstans hearde.
 
=== Allinne hearskippij ===
Yn [[340]] stoar Konstantyn II, de âldste fan de trije bruorrren, hy kaam om it libben by in fjildslach tsjin syn jongste broer Konstans. Yn [[350]] waard ek Konstans deade, troch in opstân fan de [[usurpator]] [[Magnentius]]. Hjirtroch waard Konstantius yn theory de keizer fan it hiele ryk. Mar dêrfoar moast hy earst Magnentsius út de wei romje. Konstantius beneamde dêrta syn neef [[Gallus|Flavius Claudius Konstantius]], in broer fan [[Julianus Apostata]], ta Caesar sadat dizze it easten yn'e gaten hâlde koe, wylst hy sels nei Itaalje gie. Konstantius fierde twa fjildslaggen tsjin Magnentsius, by [[slach by Mursa|Mursa]] yn [[351]], dy't net útmakke einige, en by [[slach by Mons Seleucus|Mons Seleucus]] yn [[353]], wêr't hy der wol yn slagge om't Magnentsius foargoed te ferslaan. In jier letter liet Konstantsius Gallus deadzje, omdat hy him te opstannich fûn.
 
=== Striid tsjin de Perzen ===
Under Konstantsius syn hiele hearskippij wienen der geregeld ynfallen fan de [[Perzen]]. Sawat al dizze ynfallen koe hy ôfslaan, eat wat net sein wurde kin fan oare keizers. Hy wie ek súkselfol tsjin ferskate [[Jeropa|Jeropeeske]] barbaarske stammen.
 
== Dea en opfolging ==
Op oanrieden fan syn twadde frou [[Eusebia]] beneamde hy yn [[355]] in oare neef fan him [[Julianus Apostata]] ta Caesar, en stoerde him nei [[Galje]] dat te stellen hie mei Germaanske ynfallen. Julianus hie lykwols safolle súkses dat syn troepen him yn [[360]] ta keizer útrôpen. In boargeroarloch waard foarkommen troch de (natuerlike) dea fan Konstantsius op [[3 novimber]] [[361]]. Konstantsius hie gjin manlike opfolger sadat Julianus keizer waard fan it hiele ryk.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roman-emperors.org/constaii.htm {{aut|M. DiMaio Jr. & R. Frakes}}, artikel oer Konstantius II (337-361) yn ''DIR'' (1998), (Ingelsk).]
 
[[Kategory:Romeinsk keizer]]
Rigel 24:
[[an:Constancio II]]
[[ar:قنسطانطيوس الثاني]]
[[az:II Konstansi]]
[[bg:Констанций II]]
[[br:Constantius II]]