Iesumasyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
L ferwizings
Theun (oerlis | bydragen)
ofbyld en gemaal
Rigel 1:
'''Iezumasyl''' hat syn namme krigen fan in earder buorskip [[Iezumabuorren]]. By Iezumasyl komt de [[Suderie]], in âlde seeslink, út yn de eardere [[Lauwerssee]]. Al yn [[11e ieu]] moat dêr in slûs west hawwe, mar folle is dêr net oer bekend. Om 1670 hinne waard de syl by [[Eastrum]] ôfsletten. Dat besjutte dat [[East-Dongeradiel]] in nij plak sykje moast foar de ôfwettering. De kar foel op Iezumasyl. De Steaten besletten om dêr in nije slûs te bouwen.
 
[[Ofbyld:Iezumasyl.jpg|thumb|right|300px|De slús fan Iezumasyl]]
De dyk waard ek ferlein sa dat der nij lân kaam. Yn 1671 waard mei it wurk útein setten. It tafersjoch kaam yn hannen fan [[Michaël Baron van Schwartzenberg en Hohelandsberg]], grytman fan [[Dantumadiel]], en [[Philip Vegelin van Claarbergen]], grytman fan [[Haskerlân]].
Der waard ek in goede ôfspraak makke oer de kosten. It gie faak sa dat men de lêsten foar de ôffier fan it wetter eins net betelje woe, want dat waard beskôge as in saak foar harren dy't ticht by de slûs wennen.
 
Yn 1745 is de slûs fernijd en op'nij yn [[1931]] om't der doe in nij elektrysk gemaal delsetten waard. It gemaal '[[De Dongeradielen' (gemaal)|De Dongeradielen]] moast der foar soargje dat de Dongeradielsters droege fuotten holden. De arsjitekt Booijenga hat der in kreas bouwurk fan makke.
 
Doe't yn 1969 de Lauwerssee [[Lauwersmar]] waard, feroare de funksje fan de syl as seekearing. Om’t it wetterpeil yn de Lauwersmar leger leit as op de Fryske boezem is de skutsslûs bleaun.