Sjerp de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto der by
Rigel 4:
Yn 1985 as foarsitter fan de Sylried fan it skûtsjesilen ([[SKS]]) beneamd, mei Onno Zweep fan [[Snits (stêd)|Snits]] en Rob Dommerholt fan [[De Lemmer]] as leden.
Sylde eartiids mei de [[GWS-skou]]wen, letter mei de [[pream]]. Yn [[1988]] hat De Vries mei [[Ids Willemsma]] (eartiids ek wedstriidsiler mei in GWS-skou) elk in âlde pream sylklear makke. Hjir is hiel wat út fuort kaam. Sa rjochten se mei oaren út de omkriten fan Terherne op [[4 april]] [[1996]] de stichting [[De Fryske Boerepream]] op. Yn [[2005]] waard syn pream "Nije Kimen" by de iepening fan de [[Snitswike]] útroppen ta 'Boat fan it Jier 2005'.
[[Ofbyld:Nije Kimen pream fan it jier.jpg|thumb|''Nije Kimen'']]
 
Boude yn syn libben hûnderten boaten, earst [[Burgumer Mar (sylboat)|BM-er]]s, letter in eigen polyester ûntwerp dat er UFO neamde. It wie ommers in ûnbekend skip. It skip waard ferhierd troch it rekreaasjebedriuw mei syn namme yn Terherne. It silen learde er al jong by syn heit Jouke de Vries ( letter skipper op de Terhernster pream [[De Komelker (Terherne)|De Komelker]] ) dy't as [[komelker]] allinnich oer wetter by syn lân komme koe. Alles moast mei de pream en de skou oer it wetter helle en brocht wurde. As der wyn stie koe der in seil by setten wurde, oars moast der boomke wurde. Doe't er in jier of tsien by de gersdroegerij yn Eagmaryp wurke hie koe er it bedriuw fan syn heit en fan syn skoanheit oernimme. Mar omdat de ien komelker wie mei wat lytsfee en de oare dongskipper socht De Vries wat oars.