Fioele: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: pnb:وائلن
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
Wa't de earste fioele makke hat is net bekend. Algemien wurdt oannommen dat de fioele om [[1550]] yn [[Itaalje]] ûntstie. Hjirûnder steane ferskate ynstruminten dêr't fan oannommen wurdt dat it de earste foarrinner fan de fioele wie.
 
Yn de [[midsieuwen]] wiene der in soad ferskillende snaarynstruminten. Guon waarden tokkele, lykas de [[luitlút]], oaren waarden strutsen, lykas de [[vedel]] en de [[rebec]]. De trije snaarynstruminten dy't wichtich wiene foar it him ûntjaan fan de fioele binne: de rebec, in smel parfoarmich ynstrumint, de vedel, dy't in soad foarmen kend hat en de elegante [[lira de braccio]], dy't de foarm fan de hjoeddeistige (2007) fioele al hie.
De earste echte fioelen waarden om 1550 hinne boud yn de Italjaanske fioelebousintra [[Brescia]] en [[Cremona]].
 
Yn'e fioelebou wurde trije perioaden ûnderskieden dy't te meitsjen hawwe mei de bouwwize:
 
1550-1780: de '''barokfioele''' of de fioele boud op'e ''âlde manier'': de hals mei de krulkrol is faken in centimeter koarter as de moderne hals, mar der wie gjin fêste halslingte, der binne ek halzen bekend mei in moderne lingte. Dizze hals stiet rjoch tsjin de klankkast oan, hy is der gewoan tsjinoan spikere, meastentiids mei twa of trije spikers. Om de toets boppe de klankkast te krijen sit der tusken toets en hals in lytse wigge; de toets is meastentiids in twa,trije centimeter koarter as in moderne toets en wurdt faak makke fan fjurrehout, beklaaid mei in hurde houtsoart. Faak wurdt der ek moai ynlizwurk ynlein. Alle snaren wiene fan skieppeterm. Sa'n barokfioele klinkt sachter as in moderne fioele, hat ek mear boppetoanen. Alle ferneamde bouwers út it ferline, lyk as Stradivari en Guarneri bouwden harren fioelen op dizze manier.
 
Om ende by 1780 begjint men yn Parys de bou te feroarjen: men wol mear folume hawwe, dus moat de spanning fan' e snaren heger wurde. Om dy reden begjint men de hals en de toets langer te meitsjen en set de hals yn in lichte hoeke tsjin de kast oan. Ek begjint men de hals yn te litten yn it boppeste halskloske, sadat de hals mear spanning hawwe kin. Under it boppeblêd siet fan âlds de sjongbalke, in balkje fan sa', 23 cm lang, om ende by 7 mm dik en sa'n 8 mm heech; dizze sjongbalke makket it boppeblêd sterker en ferspriedt it lûd oer it boppeblêd. Dizze sjongbalke waard no langer makke, oant 27 cm ta, dikker en heger, wol oan 12 mm ta. De toets waard no ek makke fan ebbehout, sûnder wigge. De kaam waard ek wat heger makke. Troch dizze feroarings klonken de fioelen lûder en koene de nije iepenbiere konsertsealen better bespylje. Sa'n fioele neamt men in " oergongsfioele".