François Haverschmidt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
weergave familienaam gecorrigeerd: het is 'HaverSchmidt'
Aliter (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "Theun"
Rigel 2:
'''François Haverschmidt''' ([[Ljouwert]], [[14 febrewaris]] [[1835]] – Schiedam, [[19 jannewaris]] [[1894]]) wie in dichter en dûmny. As dichter wie er ferneamd ûnder de namme ''Piet Paaltjens''.
 
François HaverSchmidtHaverschmidt waard yn 1835 berne op de Foarstreek yn Ljouwert as soan en sechde bern fan sân fan de apteker/wynhanneler Nicolaas Theodorus HaverSchmidtHaverschmidt. Syn mem Geeske kaam út it dûmnysslachte Bekius. De lytse François wie faak yn [[Damwâld]] te finen, dêr't syn pake François Bekius, nei wa't er neamd wie, dûmny wie.
 
François besleat om de leasten fan syn pake te folgjen. Nei de Latynske Skoalle kaam der by HaverSchmidtHaverschmidt, wat we no depressiviteit neame, nei foarren. In jier letter waard er ynskreaun oan de teologyske fakulteit yn [[Leyen]]. Yn Leyen waard de 'moderne lear' dosearre. Foar de gefoelige studint Haverschmidt hie dat gefolgen. Hy wie rjochtsinnich grut brocht. Hy smiet dy gefoelens fan him ôf troch him yn it studintelibben te jaan. Dêr hat syn twadde persoanlikheid, Piet Paaltjens, stâl krigen.
 
Nei syn ôfstudearjen besleat HaverSchmidtHaverschmidt om dochs mar dûmny te wurden. Hy koe net maklik in plak krije, oant [[Foudgum]] frij kaam. Yn [[1859]] die er dêr syn yntree. Syn traktemint wie 700 gûne sadat hy net oan trouwen hoegde te tinken.
 
De ferhâlding mei de nije gemeente wie net bêst. HaverSchmidtHaverschmidt liet blike dat er frijsinnich wie en de gemeente wie otterdoks. Boppedat koe hy him net ynlibje yn de opfettings fan syn gemeente. Hy hat wol besocht om brêgen te slaan, mar dat is him net slagge.
 
HaverSchmidtHaverschmidt libbe wer op as er yn in lyksinnige gemeente preekje mocht of as er frege waard foar nutslêzings. Hoewol't hy ôfskie nommen hie fan Piet Paaltjens, hat er in swiere tiid trochmakke yn de Foudgumer pastorije. Syn ûnwissens en beslútleazens hawwe dêr ek in grutte rol by spile.
 
HaverSchmidtHaverschmidt wurdt sjoen as ien fan de mûglike skriuwers fan it [[Oera Linda Boek]], in mystifikaasje oer in grutte Fryske beskaving dy't fergien is.
 
Yn 1882 krige er in berop nei [[De Helder]]. Hy hat it oannommen en yn Foudgum is noch ferloofd.
 
Yn 1894 hat ds. HaverSchmidtHaverschmidt yn [[Skiedam]], yn in swiere depresje, in ein oan syn libben makke.
 
==Bibliografy==
It meastpart fan it wurk fan HaverSchmidtHaverschmidt ferskynde oarspronklik yn blêden of bleau yn hânskrift, allinnich brûkt yn foardrachten. In dizze list stean de boeken, dêr't yn de rin fan tiid in part fan de teksten yn ferskynden, wêrfan mar in lyts part yn syn libbensdagen:
* 1863 - Sinterklaasvertelling, of, Hoe het afliep met drie zoontjes wier moeders iets voor hen kochten tot Sint Nicolaas (''[[Sinteklaas]]teltsje, of, Hoe it ôfrûn mei trije soantsjes fan wa de memmen harren wat koften ta Sint Niklaas'')
* 1867 - Snikken en Grimlachjes (''Snikken en grimpkjes'')
Rigel 47:
* 1994
** Winteravondvertellingen (''Winterjûnfertellings'')
** Terug in mijn geboortestad en twa oare teksten fan François HaverSchmidtHaverschmidt (''Wer yn myn bertestêd ...'')
* 1998 - Souvenir Beekhuizen 1870 (''Sûvenir Beekhuzen 1870'', tegearre mei: Souvenir Beekhuizen 1998 - [[John Jansen van Galen]])
* 2000 - Reis van Leeuwarden naar Antwerpen (''Reis fan [[Ljouwert]] nei [[Antwerp]].'')