François Haverschmidt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "Theun"
Aliter (oerlis | bydragen)
Ofbyld ferdwûn? Haver en Schmidt.
Rigel 1:
[[Image:Haverschmidt.jpg]]
'''François Haverschmidt''' ([[Ljouwert]], [[14 febrewaris]] [[1835]] – Schiedam, [[19 jannewaris]] [[1894]]) wie in dichter en dûmny. As dichter wie er ferneamd ûnder de namme ''Piet Paaltjens''.
 
François Haverschmidt waard yn 1835 berne op de Foarstreek yn Ljouwert as soan en sechde bern fan sân fan de apteker/wynhanneler Nicolaas Theodorus Haverschmidt. SynDe famyljenamme wie troch François syn pake gearstald út de nammen ''Haver'' en ''Schmidt'', wat mûglik de reden wie dat François dy letter sels skreau as ''HaverSchmidt''. François syn mem Geeske kaam út it dûmnysslachte Bekius. De lytse François wie faak yn [[Damwâld]] te finen, dêr't syn pake François Bekius, nei wa't er neamd wie, dûmny wie.
 
François besleat om de leasten fan syn pake te folgjen. Nei de Latynske Skoalle kaam der by Haverschmidt, wat we no depressiviteit neame, nei foarren. In jier letter waard er ynskreaun oan de teologyske fakulteit yn [[Leyen]]. Yn Leyen waard de 'moderne lear' dosearre. Foar de gefoelige studint Haverschmidt hie dat gefolgen. Hy wie rjochtsinnich grut brocht. Hy smiet dy gefoelens fan him ôf troch him yn it studintelibben te jaan. Dêr hat syn twadde persoanlikheid, Piet Paaltjens, stâl krigen.