Alanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sh:Alani
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ca:Alans; tekstwiziging
Rigel 6:
De namme "Alanen" komt fan it wurd "Aarjers" (dat fan Iraanske komôf is), óf fan it Ald- en Nij-[[Turksk]]e wurd ''"alan"'' (territoarium, gebiet). It is besibbe oan de namme ''"Iron"'', wêrmei't harren Ossetyske neisieten harsels oantsjutten. De namme "Osseten" op har beurt komt fan it Grykske ''"Aorsi"'' (Russysk ''"Jasy"'', Georgysk ''"Ossi"''), in oare namme wêrûnder de Alanen bekend stienen.
 
== Skiednis ==
Oarspronklik ôfkomstich út it noarden fan [[Kazachstan]], fêstigen de Alanen har yn de [[1e ieu]] op de steppe tusken de [[Dnjepr]], de [[Don (Ruslân)|Don]] en de [[Oeral (rivier)|Oeral]], en ek yn de Noard-[[Kaukasus]]. Yn de ieuwen dêrnei swalken de Alanen út oer grutte dielen fan [[Europa]], [[Lyts-Aazje]] en [[Noard-Afrika]].
 
Rigel 12:
De Alanen wienen in geducht ruterfolk en se blieken sels harren Perzyske sibben op dat punt de baas doe't se yn de jierren [[72]]-[[75]] oer de Kaukasus [[Armeenje]] en [[Atropatene]] binnenfoelen. Se blieken amper te kearen en namen hast Trdat fan Armeenje finzen. De Parten dienen sels -om'e nocht- in berop op de Romeinske buorren om help. [[Fespasjanus]] hie lykwols gjin nocht yn in aventoer en fûn de ferswakking fan de Parten net sa'n minne saak. Doe't [[Fologases II|Falaks II]] syn heit opfolge yn [[77]] rûn de ynvaazje al op syn ein, mar foar it Partyske Ryk begûn in betize perioade. De Alanen wienen dwaande har beladen mei bút en slaven werom te lûken, hoewol't der ek in oantal yn Albania en Atropatene efterbleaunen, wêr't se al rillegau assimilearren omdat se wat taal en kultuer oanbelange frij nau besibbe wienen oan de Perzen. Dit fersterke it Iraanske elemint yn it Kaukasusgebiet.
 
=== Trek nei it westen ===
Doe't in diel fan de Alanen har letter oansluet by de Germaanske stammen sille dy grif in soad fan harren leare kind hawwe op it mêd fan oarlochsfiering mei hynders. Guon Alanen lutsen fierder nei it westen ta en in diel fan harren ruterij, de [[Jazygen]] waard yn [[175]], neidat se troch [[Markus Aurelius]] yn [[Pannoonje]] ferslein wienen nei Britannia band. Se fêstrigen harren yn Chester, Ribchester en oan de muorre fan [[Hadrianus]]. Der binne troch har eleminten fan de zoroastryske en Iraanske mytology yn de Keltyske folkloare komd.
 
=== Ynfallen yn it Romeinske Ryk ===
Yn 406 siet in grutte groep Alanen yn Súd-[[Dútslân]] oan de beneden-[[Ryn]]. In gedielte ûnder lieding fan [[Respendial|Respedialis]] sluet him oan by de [[Fandalen]] en [[Sueven]] dy't [[Galje]] binnenfoelen. In oar diel ûnder leiding fan [[Goar (Alaan)|Goar]] gie yn Romeinske tsjinst as ''foederati''. Fiif jier lettre soenen dizze Alanen mei de [[Boergonden]] de usurpator [[Iovinus ]] steune.
 
Oant [[418]] bestie op it [[Ibearysk Skiereilân]] in Alaansk keninkryk, wêroan neffens minder gongbere opfettings [[Kataloanje]] (''Got-Alaanje'') har namme ûntliende; yn [[429]] slueten de Alanen har oan by de [[Fandalen|Fandaalske]] ekspedysje nei Noard-Afrika. Letter is troch [[Justinianus I fan Byzantsium|Justinianus]] in ein makke oan dit Fandaalsk-Alaanske keninkryk.
Rigel 30:
[[az:Alanlar]]
[[bg:Алани]]
[[ca:AlàAlans]]
[[cs:Alani]]
[[cv:Алансем]]