Kataren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ro:Catarism
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 5:
De krekte learstellings binne net alhiel dúdlik. Letter binne der ferskillende splintergroepkes west dy’t elk harren eigen regels hienen.
 
De beweging hat sterk beynfloede west troch eartiidske gnostyske skriften en troch in [[Bulgarije|Bulgaarske]] groep, de [[Bogomilen]]. Dat wienen foaral [[dualisme|dualistyske]] leauwens. It dualisme is dan ek in wichtich elemint yn de Kataarske [[teology]] bleaun. De wrâld is boas, wylst god en de himel goed wienen. De kataren hienen de sakraminten en de hiërargy fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolike tsjerke]] ôfskaft en ek it uterlik fertoan wiedwie erder net by. Neffens de Kataarske teology bestiet der in dualistyske [[kosmos]], dêr't de God fan it [[nije testamint]] as hearsker fan de spirituele wrâld tsjinoer de boaze god ([[satan]]) fan de stoflike wrâld stiet. Alles dat taastber is, ek it minsklik lichem, makket diel út fan dy boaze skepping.
 
Dizze wize fan nei de wrâld sjen, kin ferbân hâlde mei de hurde wrâld fan dy tiid. Minsken hienen te lijen ûnder it jok fan it [[feodale stelsel]]. En de ienichste manear om't hjirfan te ûntsnappen wie troch de dea. En dat wylst de katolike tsjerke nei in godlike oarde ferwiist. Dat makket it, dat de [[Midsieuwen|midsieuske]] minsken it stelsel akseptearren. De Kataarske wize fan leauwen wie faaks it antwurd op alle minsklike ellinde fan dy tiid. De Kataren beskôgen wrâldlike dingen lykas seks, lúkse en wille as in skieding tusken materiaal en de geast. De Kataren woenen graach kieze foar de geast.