Master Eckhart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 399942 fan Special:Contributions/92.206.18.244 (Meidogger_oerlis:92.206.18.244) Ik set syn namme der wer by.,
Rigel 1:
[[Ofbyld:Meister-Ekkehard-Portal der Erfurter Predigerkirche.jpg|thumb|right|270px|De master Eckhart yngong yn it tsjerke fan [[Erfurd]]]]
'''Master Eckhart''' (sirka 1260 - [[1328]]), berne as ''Jehânnes Eckhart'', wie in Dútske [[teolooch]], [[mystikus]] en [[filosoof]].
 
== Libben ==
Eckhart von Hochheim wie ôfkomstich fan [[Thüringen]]. As jong feint kaam er by de orde fan 'e [[Dominikanen]]. Hy studearre teology en dosearre in pear ier yn [[Parys]], dêr't er de graad fan ''magister theologiae'' krige. Yn [[1304]] waard Eckhart keazen ta earste provinsjaal fan 'e provinsje [[Saxonia]]. Fan [[1314]] oan'toant [[1322]] wurke er yn [[Straatsburch]], dêr't Eckhart preke yn in soad Dominikaner kleasters yn 'e [[Elzas]]. Yn Straatsburg ferdigene er de posysje fan ´e Dominikanen en de relaasje mei de [[Underwerpbeginen]].
 
Eckhart krige yn 1322 de lieding oer de Dominikaanse studium generale yn [[Keulen]]. Yn [[1326]] moast er him ferdigenje op fertinking fan ketterij, mar waard frijsprutsen. Hy moast him lykwols yn heger berop op 'e nij ferdigenje en kaam dêrfoar nei it pauslik hof, dat doe yn [[Avignon]] residearre. Yn 1328 is er stoarn yn 'e omkriten fan Avignon. Eckhart hat net mei makke dat guon fan syn stellings foar in part feroardiele waarden.
Rigel 10:
Fan Eckhart binne preken en traktaten bewarre bleaun. It belangrykste traktaat is wol it ''Liber benedictus'', ek wol 'It boek fan'e Godlike Treast' neamd. Ut syn perioade yn Parys is in tal ''quaestiones'', "fraachstikken", feitlik ferslaggen fan publike diskusjes oer stellings en problemen, bewarre bleaun. Syn preken binne foar in part yn it [[Middelheechdútsk]], diels yn it [[Latyn]] oerlevere. It opmerklikst liket wol dat dizze gelearde man sa goed prate koe yn de taal fan it folk. Eckhart brocht it Middelheechdútsk nei nije hichten. Guon fan syn preken hat Eckhart sels delskrean, oare binne optekene troch syn taharkers.
 
De preken toane oan 'e boppekant net folle fan syn grutte eigenheid mei de midsieuwskemidsieuske skolastyk. Syn mystike ferbylding utere er op in wize dy't faak as onortodoks beskôge is. Wichtige oanwizings yn syn preken binne wol de ''via negativa'', de "wei fan 'e ûntkenning": troch skynbere wissigheden op losse skroeven te setten, wol Eckhart minsken oan in tichtere bân mei God bringe. Der is wiisd op in beskate gelikenis mei it [[zenboedisme]]. De taal dy´t Eckhart brûkt, is faak tige eigen.
 
=== Teksten ===
Rigel 23:
 
== Hjoeddeisk ==
Yn ´e noch ûnfolsleine hjoeddeiske meardielige boarneútjefte binne njonken Eckhart syn preken, traktaten en quaestiones ek de boarnen oer syn proses opnaam, wêrundermei Eckharts ferdigening.
 
Yn it lêste desennium fan de [[20e ieu]] hawwe de Dominkanen pleite foar in offisjele rehabilitaasje fan Eckhart. It fatikaanFatikaan hat der lykwols noch net op reagearre.
 
Yn it Nederlânske taalgebiet binne der fan ferskate wurken fan Eckhart oersettings makke. Dichter C.O. Jellema hat in tal traktaten en preken oerset.