Hinnaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: wapen en flagge
Rigel 20:
 
De terp bestiet út in tsjerkhôf omseame mei iperen beammen en in iperen hage, mei tusken nijere stiennen yn ek sarken út de 17e en 18e ieu. Yn de midden stiet in mei laaien dekte fjouwerkant klokhús, in sletten klokkestoel, boud op in fan de fan giele moppen mitsele foet, ôfkomstich fan de sloopte tsjerke. It dak is dutsen mei smoarde, platte Fryske pannen. De lantearne mei galmroasters hat in mei laaien dutsen tintedakje. Yn de basis sit oan de noardkant in wapenstien ynmitsele dêr‘t in reparaasje fan 1731 op fermeld stiet. It sil gjin reparaasje oan it klokhús west ha, want de tsjerke stie der yn 1731 noch. De Tegenwoordige Staat van Friesland makket yn 1788 melding fan de tsjerke. It klokhús is nei de sloop fan de tsjerke boud yn de 19e ieu en de fraaie stien dy‘t in reparaasje oan de tsjerke melde, is destiids mei ferhuze. De klok yn it klokhús draacht gjin ynskripsje. Oannommen wurdt dat se datearret út de 13e ieu. Der wurdt trije kear deis (automatiysk) lieden. Op it hou lizze inkele grêfstiennen dy't eartiids yn de tsjerke leinen. It gehiel is alle dagen te besjen en yn it klokhûs is in tentoanstellinkje oer de skiednis.
 
== Doarpswapen en flagge ==
De sulveren punt is in sprekkend elemint, Herne is hoeke. It blau en sulver bine ûntliend oan it âlde wapen fan [[Hinnaarderadiel]] en de wapens fan de famyljes Sassinga en Roorda. De gouden stjerren komme ek fan it wapen fan de Sassingas. Boppedat jouwe de stjerren en de rút oan dat it doarp it haadplak wie fan de eardere gemeente Hinnaarderadiel. De rút stiet foar gerjochtichheid. De roas komt út it âlde wapen fan Hinnaarderadiel en ek út de wapens fan de famyljes Roorda en Eysinga.
 
== Mienskip ==