Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: oer it kafee ; Boarne: Oare Tiden
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Kafee Schaafsma: boarne: Oare Tiden nûmer 30
Rigel 102:
 
=== Kafee Schaafsma ===
 
Yn it begjin fan de [[20e ieu]] wie it kafee fan widdo Schaafsma it sosjale moetingsplak fan Terkaple-Eagmaryp.
Gerke Gerrits Schaafsma (berne [[1832]]) is timmerman yn Terkaple en begjint sa ±[[1863]] mei syn kafee by de brêge, op it plak dêr’t no famylje Andringa wennet (earder Noordmans). Hy timmert aardich oan’e dyk, want as je it archyf fan de [[Leeuwarder Courant]] neiplúzje, dan sjoch je dat hy as timmerman gewoan syn bedriuw hat en dêr neist it kafee draait.
Der wurde geregeld feilingen hâlden yn it kafee of feestjûnen mei toaniel en dûnsjen. Ek [[Waling Dykstra]] komt yn it kafee te spyljen mei syn beroemde [[Winterjûnenocht]]. Winters organisearret Schaafsma reedriderijen en simmers hurddraverijen foar hynders.
It reedriden wurdt earst sels organisearre en nei [[1876]] yn gearwurking mei de doe oprjochte iisklup “De Trije Doarpen”. Der waard riden om fikse jildprizen (in earste priis fan fl. 70,-- wie in soad jild yn dy tiid). Je moasten ynlis betelje om mei te dwaan, mar dit bedrach koenen je wer werom fertsjinje as je de earste list wûnen. In goede motivaasje om te winnen.
Line 110 ⟶ 109:
En simmers it organisearjen fan in draverij foar hynders. Dat waard yn de [[19e ieu]] in soad dien; it wie in populêre sport. Der wienen hynders dy’t beroemd waarden, omdat se safolle draverijen wûnen. Ek wer om grou jild of om sulveren gebrûksfoarwerpen sa as in tabakspot. Waling Dykstra skriuwt der bg. sa oer: ''Als de tijd daar is voor de optocht naar de harddraversbaan openen muzikanten de trein. Daarop volgen de aangegeven paarden, bereden door hun pikeurs. De leden van de keurcommissie, omringd door een dichte drom van nieuwsgierigen, komen achteraan. Intussen gaat de harddraverij zijn gang. De keurcommissie, in twee gedeelten gesplitst, heeft op de beide einden van de baanpostgevat. Een paar kampende paarden lopen om ’t hardst langs de baan, heen en terug. Komt hetzelfde paard beide keren het eerst over de streep, dan is ’t andere voorgoed van de partij af. Echte liefhebbers van harddraven volgen met gespannen aandacht de hele kampstrijd. Zij zijn vol bewondering wanneer een paard, in flinke, geregelde draf, zonder zweem van galopperen de hele baan van 80 meter aflegt. Zulke liefhebbers weten de loop van de zaken van het begin tot het einde even goed als de keurmeester zelf.'' It sil yn Terkaple-Eagmaryp wol krekt sa gien wêze.
Gerke Schaafsma ferstjert yn [[1894]], 61 jier âld. Syn widdo giet troch mei it kafee. Sûnt dy tiid wurde fergaderingen en sa hâlden yn it kafee fan widdo Schaafsma. Frou Schaafsma giet hjir mei troch oant maaie [[1910]]. Dan stiet der in dankbetsjûging yn de krante dat it moai west hat nei 47 jier. It kafee wurdt fuortsetten troch famylje Van Dijk.
 
Kastlein/timmerman Gerke Schaafsma hat ek de pleats boud hat dêr’t Pyt Kamstra wenne; dy’t ôfbaarnd is, en dy’t der no as in ruïne by leit. Der sit in tinkstien yn de muorre dêr’t op fermeld wurdt:
''Per order van G. YPMA te Arum, de eerste steen gelegd door TRIJNTJE GERKES SCHAAFSMA, den 24 Juni 1874''. Trijntje wie in dochter fan Gerke Schaafsma.
 
Fia Leendert Noordmans kamen de tekeningen dy’t hjir ôfbylde binne. Se binne yndertiid makke troch Rinze Terpstra fan [[Akkrum]] op oanwizings fan Lieuwe Riemersma dy’t in grut part fan syn libben neist it kafee wenne hat. Skean efter it kafee stie in lyts húske dêr’t earst de Schaafsma’s en letter famylje Jan Baukes van Dijk yn wenne. Van Dijk wie de opfolger fan Schaafsma as kastlein. Men wenne dus net yn it kafee, mar der achter. It sil lyts wenjen west ha sa mei de hele famylje. Oan de oare kant fan it kaqfee stie de hynstestâl, tusken it kafee en Riemersma yn. As de namme “schutstal” ek werklik op de stâl stien hat is ûnbekend; it kin ek in betinksel fan de tekener west ha. Mar it hat der by de brêge wol sa útsjoen om it jier 1900 hinne. Der siet in steechje tusken de stâl en it hûs fan de Riemersma’s. Lieuwe Riemersma (berne ±1906) fertelde yndertiid oan Noordmans dat hy as jonkje troch in rútsje sjen koe at der immen kaam om in hynder yn de stâl te bringen en dat hy dan rap troch it steechje draafde om it hynder fêst te setten. Hy krige dêr dan 2 sinten foar dêr’t hy wakker bliid mei wie. Doe’t widdo Schaafsma, har eigen namme wie Neeltje Speerstra, it kafee noch runde en sy woe jûns let net mear skinke, dan pakten de mannen “tante Neel” beet en hongen har driigjend boppe de reinwetterbak. No, dan moast tante Neel dochs noch mar ien ynjitte.
 
In moai ferhaal oer Jan Baukes van Dijk is it folgjende: in groep opslûpte jonges soe nei it kafee, mar gie earst stiekem nei it foarriedhok derneist. Dêr dronken se it reservekret bier leech. Doe gongen se it kafee yn en bestelden bier. Van Dyk hie nei in skofke it bier op, soe nei syn foarrie, mar dy wie ek op. Hy woe dat net witte litte nei de mannen ta (en woe ek gjin nee ferkeapje) en gong op de fyts nei De Jouwer om in nij kret bier. De gasten wachtten wol even! Jan Baukes van Dijk hat it kafee hân oant 1939. Doe wie yntusken it Centrum boud en koenen dêr alle aktiviteiten plakfine. Jan Baukes woe it kafee dochs al graach kwyt; hy woe leaver buorkje. It âlde kafee is doe ôfbrutsen, tagelyk mei it lytse skeve húske en der is in pleatske wer opboud. It hûs fan de pleats is wer op de âlde fûneminten boud; in achterste muorre is sels stean bleaun en wer brûkt yn de nije wenning. Dit is de wenning sa’t dy der no stiet.
 
Efter it kafee stie eartiids de buorkerij fan Kroes (dêr stiet no de nije wenning fan Engelsma). Dit pleatske brânde ôf yn [[1938]]. Kroes gie earne oars hinne te buorkjen en sa koe Jan Baukes it lân fan Kroes hiere en koe hy, ynstee fan kastlein wêze, buorkje op syn nije stee.
(Jan Baukes van Dijk wie de pake fan Jan Kooistra, Buorren 13. Jan Kooistra syn mem wie in dochter fan Jan Baukes)
 
== Mienskip ==