Jislum: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Tsjerke: st |
ôfbyld |
||
Rigel 6:
== Tsjerke==
[[Ofbyld:Jislum Tsjerke.wiki..jpg|thumb|right|''Sint Katarinatsjerke'']]
[[Ofbyld:Jislum Catherinatsjerke.JPG|right|thumb|''hjoeddeisk'']]
[[Ofbyld:Volhardingjislum.jpg|right|thumb|''Volharding'']]
Op de terp stie oant yn de [[19e ieu]] in fan oarsprong [[Romaanske tsjerke]]. Dizze tsjerke waard betsjinne troch it kleaster [[Mariëngaarde]] by [[Hallum]]. Nei de [[Reformaasje]] waard Jislum mei [[Wânswert]] kombinearre. De tsjerke is yn [[1886]] ferfongen troch in nije tsjerke. Yn de toer hingje twa klokken, út [[1445]] en [[1636]]. It oerwurk is út [[1609]].
De tsjerke is letter eigendom wurden fan de [[Stifting Harstastate]], en wurdt hjoed de dei net mear brûkt as godshûs. De Stifting Harstrastate wist eins net in goede bestimming foar de tsjerke te finen, wat it doarp min nei de kop wie.
De tsjerke hat doe ek wer de âlde namme fan '[[Katarina fan Aleksanderje|Sint Katarina]]tsjerke' werom krige. Op de wynwizer binne de symboalen fan de hillige, it rêd en it swurd, oanbrocht.
|