Ferskil tusken ferzjes fan "Offenwier"

12 bytes lytser ,  10 jier lyn
L (r2.5.2) (Bot - derby: gl:Offenwier)
 
It tsjerkje fan Offenwier is in gemeentlik monumint en is it âldste gebou fan de gemeente Snits. De hjoeddeiske muorre is fan [[1850]], mar binnen dy muorre stiet noch it Niklaastsjerkje fan [[1335]].
== Doarpswapen en Flagge fan Offenwier flagge==
It is net bekend oft Offenwier yn it ferline in doarpswapen hân hat. Der is neat wat yn dy rjochting wiist. Nei in oprop yn in doarpskrante fan 2004 binne twa ûntwerpen ynlevere wêrfan't de eleminten brûkt binne yn it úteinlike wapen.
;Yndieling
De reade bân yn it midden stiet symboal foar de grienedyk mei dêryn de slûs. De grienedyk stiet foar de beskerming tsjin de drigingen fan bûten ôf, en mear taspitst de driging fan it wetter. Tagelyk is de slûs in iepening wêrtroch't Offenwier kânsen foar de takomst ynhelje kin. Op it skyld steane fjouwer ôfbyldings dy't elts symboal steane foar in stikje Offenwier.
;Ofbylden
* Stêf:<br>
De tsjerke fan Offenwier is wijd oan Sinteklaas. De hilligenstêf moat dêr de klam op lizze. Skipfeart wie eartiids nedich foar it ferfier, it brocht wurk en dêrmei ek wolfeart. Sinteklaas is fanâlds de beskermhillige fan de skipfeart. Mar de tsjerke jout ek it belang fan it leauwen yn it doarp oan. Sûnt ieuwen jout it leauwen rjochting oan it libben en wêzen fan de Offenwiersters. It leauwen en de tsjerke wie en is foar in protte minsken in hâldfêst yn it libben.
* Skûtsje<br>
In ferienfâldige werjefte fan in skûtsje stiet symboal foar de skipfeart út it ferline, mei namme it beropsmjittige karakter dêrfan, mar jout ek it belang fan de wettersport yn de hjoeddeiske tiid wer.
* Ko <br>
De ko stiet foar de lânbou en it belang hjirfan foar it ûntstean fan it lânskip en de ynfloed dy't de lânbou op de mienskip fan it doarp. De kop fan de ko is dy fan in moderne ko mei in ferwizing nei de hjoeddeiske lânbou. Tagelyk hat de ko hoarnen as ferwizing nei it belang fan de lânbou fan alear.
* Klaverblêd<br>
It klaverblêd stiet foar grûnbesit op de klaaigrûn. Ek hjir is der in ferbining mei de lânbou. Grûnbesit joech fanâlds in garânsje op ynkommen en dêrmei ek op wolfeart. De ynfloed fan de lânbou wurdt de lêste tiid gâns minder. Mei it klaverblêd yn it wapen wol it doarp de spesjale bân mei de lânbou fêstlizze, mar ek de winsk fan ynkommen en wolfeart.
 
56.994

bewurkings