It Gryn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Aliter (oerlis | bydragen)
In pear feroarings noch wat feroare.
Rigel 3:
It Gryn is it heechste punt fan de [[Grynderwaard]], in waadplaat. Dêrmei is it it ienichste eilân yn [[Nederlân]] dat wier óp it waad leit, wylst alle oare waadeilannen op de râne fan it waad lizze.
 
Der is in leginde dat op it Gryn foar [[1287]] in doarpke, of sels in stêd lein hat, mar dêr is gjin wissigens oer. It is al bekend dat der al ieuwenlang in soad fûgels op it Gryneilân binne; de Skylgers hienen de gewoante om derop Gryn te aaisykjen. Yn de rin fan de ieuwen moat it Gryn ek kilometers [[it wanneljen fan in eilân|wannele]] hawwe, mar ek dat is net presys bekend. Wol is bekend dat it eilân yn de earste helte fan de [[20e ieu]] alle jierren sa'n sân meter nei it easten wannele.
 
Om't nei 1940 it eilân yn grutte weromrûn, hat der yn [[1958]] in sântafoeging west om it yn stân te hâlden, mar earst nei't der yn 1973 in sânwâl fan 200 meter dellein is, en in 1988 noch in sânwâl, waard it fuortbestean fan it eilân foarearst feilich steldfeilichsteld. De maatregel hat ta gefolch hân dat him tsjintwurdich wer in fêste gersfegetaasje op it eilân oan it foarmjen is.
 
Yn de briedtiid hâlde twa wachters fan [[Natuermonumenten]], dat it eilân yn erfpacht hat, it each op it eilân. Yn it ferline hat der ek wolris in skriuwer in skoftke op it eilân trochbrocht, .
Mar de fêste ynwenners fan it Gryn binne dochs de fûgels, de toeristen binne fûgels dy't der te sommerjen of te winterjen komme, en de trochreizgers binne de trekfûgels, dy't op it Gryn in rêstplak fine.