Hans de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling fan Pieter de Groot yn Dwers, LC 7 jan. 2011
Rigel 3:
De Jong wie ûnderwizer en begûn yn [[1960]] syn karriêre as waarman fan de [[Friese Koerier]], dy't letter opgie yn de [[Ljouwerter Krante]]. Al yn de oarlochsjierren sammelt hy waarynformaasje út syn belangstelling foar [[meteorology]] wei. Yn [[1949]] wurdt hy oansteld as reinwaarnimmer foar it [[Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút|KNMI]] en yn [[1960]] ferlit er it ûnderwiis. Hy waard lanlik bekend troch syn waarpraatsje foar de [[NCRV]] en de [[Wrâldomrop]]. Nei in waarrubryk yn ‘De Woudklank’ folgen al gau de blêden ‘Heerenveense Koerier’ en letter ‘De Waarheid’ en it ‘Vrije Volk’. Ek de ‘Leeuwarder Courant’, it ‘Friesch Dagblad’ en it deiblêd ‘Trouw’ (sûnt 1964) publisearren it waarberjocht fan Hans. Tegearre mei de yn [[1992]] ferstoarne waarman [[Jan Pelleboer]] lei hy de basis foar de popularisearing fan de meteorology yn Nederlân en joech hy in grutte ympuls oan de [[amateurmeteorology]] yn Nederlân. De Jong wie yn [[1974]] tegearre mei Pelleboer ien fan de inisjatyfnimmers fan de [[Feriening foar Waarkunde en Klimatology]], de organisaasje fan waaramateurs.
 
OantOan 2008it skreaubegjin erfan nochde intelevyzje histoaryskehat rubrykDe oerJong in skoft televyzjeresinsint meteorologywest, en oant 2008 hat er alle wiken de skiednisrubryk fan"In synpraetsje wenplakby [[Dein Gordyk]]plaetsje" yn de Gerdykster streekkrante ''De Woudklank'' fersoarge, omendeby 1500 ôfleveringen oer de skiednis fan it eigen gea. Syn argyf oer De Gerdyk foarme hjirfoar de basis.
 
Yn 1942 kaam er foar it ljocht mei it klandestine jazzorkest The Snake Charmers. De band hat noch oant neide oarloch bestien en hie yn de befrijingsdagen wakker súkses by de Kanadezen. Bandlid [[Anne Wadman]] eksperimintearre foarsichtich mei Fryske teksten op har swingend repertoire.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=