Rolstoel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Wikiice (oerlis | bydragen)
Rigel 38:
De fuotten fan in persoan yn in rolstoel steune op in fuottenplaat as op fuottensteunen. In fuotplaat sit faaks oan it frame fêst en wurd meastentiid brûkt op in rolstoel mei in fêst frame. Mar je ha ek fuottenplaten dy't opfouber binne dy't likje op fuottenplaat dy't likje op dy't fêst oan it frame sitte. Fuottensteunen sitte faaks los fan it frame en wurde oan it frame fêstset mei in pen yn gat ferbyning. Dizze fuottensteunen ha in soad ynstelmooglikheden en kinne opklapt en fuortklapt wurde sadat de persoan dy't yn de rolstoel sit makkeliker opstean kin út de rolstoel wei. Fuottensteunnen wurde dan ek faak brûkt op rolstuollen foar ynsidynteel en tidlik gebrûk. Fuottenplaten en fuottensteunen wurde meastentiids makke fan keunststof mar ek wol fan karbon.
By rolstuollen mei in fêste fuottenplaat is de de fuottenplaat faaks fuortdaliks ûnder de [[knibbel]]s as dêr efter montearre dit soarget foar in aktive sithâlding.<ref name="http://www.de-hullu.nl/bekijkpagina.php?id=22#rolstoel">[http://www.de-hullu.nl/bekijkpagina.php?id=22#rolstoel Informatie over zitten en instellen van stoelen]</ref> Fuottensteunen binne faaks troch de beweachberens fan de steunen foar de knibbels pleatst sadat se makkelik fuortklapt wurde kinne en de ynstelberens behâlden wurd, mar it belemmert al in aktive sithâlding en dêrtroch moat de rêchleuning wat heecher wêze as by de fêste fuottenplaten.
 
=== Rêchleuning en Sitkêssen ===
De rolstoel is meastentiids útrêste mei in stoffen rêchleuning mar ek keunstof en karbon rêchleuningen bekklaaid mei stof komme foar, in rêchleuning is foaral bedoeld om te soargjen foar foldwaande steun yn de ûnderrêch. Is in rêchleuning te heech dan belemmert dat de beweechberens fan de persoan dy't yn de rolstoel sit mar soarget der ek foar dat de bekken efteroer kantelt mei in bolle rêch en in soad wurchens ta gefolch.
It sitkêssen moat der foar soargje dat de persoan yn de rolstoel foldwaande ûndersteund wurd, soarget foar komfort, en dat der gjin trochlisferwûnings ûntsteane.
'''Komfort''' hâld net allinne nofflik sitte yn mar ek dat it kêssen maklik yn gebrûk, en maklik skjin te meitsjen is. En trillingen fan it ''(bûten)'' riden opfangt.
It sitkessen moat ek soargje foar '''ûnderteuning''', dit om te foarkommen dat de persoan yn de rolstoel by eltse beweging dy't hy of sy makket bygelyks by it oppakken fan in pinne dy't op 'e grûn fallen is al út de rolstoel falt. Dêrom moat in sitkessen soargje foar foldwaande ûndersteuning nei foaren en nei siden ta, wêrtroch it bekken in fêst punt wurde yn it kêssen.
Om trochlisferwûnings te foarkommen moat it kêssen nêst boppesteande saken ek soarge foar yn goede drukferdieling om pieken yn de druk te foarkommen. Der binne in ferskaat oan fullingen foar sitkêssens, der binne kêssens dy't folt binne mei skûm, mei loft, as mei gel en der binne kêssens mei in kombinaasje fan dizze fullingen.
 
=== Typen hânbewage rolstuollen ===