Rolstoel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
→‎Tsjillen: oanfolling
Wikiice (oerlis | bydragen)
→‎Tsjillen: +Remmen
Rigel 50:
Hast wol it meast opfallende ûnderdiel fan in rolstoel. De eftertsjillen binne faaks fjouwerentweintig inch tsjillen mar der binne ek rolstuollen mei gruttere as lytsere eftertsjillen dat hinget in bytsje ôf fan de lingte fan de persoan dy't yn de rolstoel sit. De as fan de eftertsjillen sit meastentiids ûnder bekken fan de persoan dy't yn de rolstoel sit pleatst, by rolstuollen foar ynsidynteel gebrûk en tidlik gebrûk sitte se ek faaks ûnder de rêchleuning pleatst. Der is in soad ferskaat yn eftertsjillen sa ha je tsjilen mei trije speaken fan karbon, tsjillen mei tolve, achtjin as fjouwerentweintig speaken fan karbon, trijespeak tsjillen mei beweechberre ûnderdielen der yn saneamde spinners en tsjillen mei speaken dy't yn elnoar om flechte binne de saneamde twisters mar ek tsjillen mei gewoane speaken wurde noch in soad brûkt. By tsjilen mei gewoane speake wurd faaks speakbeskermers brûkt, dit foar de feiligens fan de [[finger]]s fan de persoan dy't yn de rolstoel sit as fan in nijsgjirrig lyts bêrntsje dat de tsjillen fan tichby besjocht, foar de feiligens by it sporten en foar de sier. Dizze speakbeskermers wurde makke fan keunsstof mar foar kwad rugby wurde de speakbeskermers makke fan aluminium. Om de tsjillen sitte bannen en dizze moatte foar de komfort en in lichte rolwjerstân soargje rolstuollen wurde dêrom faaks fersjoen fan hêgedrukbannen. bannen moatte goed op druk hâlden wurde om lichaamlike skea te foarkommen.
De foartsjillen binne faaks fjouwer as fiif inch grut. Trochdat se lyts binne hawwe se in grutte rolwjerstân. rolstuollen foar ynsidynteel gebrûk ha faaks gruttere foartsjillen. ôfhinkelik fan it frame hat in rolstoel twa as ien foartsjil.
 
=== Remmen ===
Der binne rûchwei twa soarten remmen de standaard ferticale remmen en de skjirre remmen dat binne horisontale remmen. In Rem bestiet út twa dielen de remhendel en it remstik. De remmen wurde fan slytfêst materiaal makke. En moate sa op de rolstoel montearre wêze dat as de rolstoel op de rem stiet de eftertsjillen net nei efteren drukt wurde. Fierder kinne de remmen útfierd wurde mei yndividuele oanpassingen foar de persoan dy't yn de rolstoel sit.
 
=== Typen hânbewage rolstuollen ===