Jan Murk de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Jan de Vries werneamd ta Jan de Vries (keunstskilder): romte meitsje
L Link
Rigel 1:
'''Jan Murk de Vries''', ( [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[11 novimber]] [[1919]] ) is in keunstkilder.
 
Nei wat selsstúdzje en privee-lessen by Tsjomme de Vries yn Utert, en in oplieding oan de Ryksnormaalskoalle yn Amsterdam foar in middelbere akte fan tekenleararen, besluet hy definityf te kiezen foar it keunstnerskip. Doe't er him bewust waard fan syn [[homoseksualiteit]] betsjutten de earste nei-oarlochske jierren in tiid fan isolemint.
 
Yn Amsterdam hie Jan Murk de Vries de earste eksposysjes fan [[Cobra]] sjoen, dy't doetiids in soad oandacht lutsen. Syn learmasters Ap Sok en Johan van Zweden hienen him ûntfanklik makke foar de ferwurvenheden fan de 'klassike modernen'. Benammen it wurk fan Braque, Chagall en Picasso hie syn bewûndering losmakke. Al dizze ynfloeden laten úteinlik ta syn karakteristike eigen styl. Ek tekenjen en etsen fan en eksperiminten mei sânstriel op glês. Wurk fan him hinget yn ieopenbiere gebouwen yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en by partikulieren. Wenne letter - ticht by de Ofslútdyk en de Waadsee - yn it doarp [[Furdgum]].