Mokka (Jemen): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Mokka (Jemen)
L WPCleaner 0.99 - Square brackets not correct end (Opgemerkt door Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 9:
De stêd wie yn hannen fan it [[Ottomaanske Ryk]] oant it yn 1636 in ûnôfhinklike steat waard. De Ottomanen besetten de stêd wer fan 1849 oant 1918.
 
Mokka hie in [[monopoalje]] op de koffiehannel oant de VOC ein 17e ieu [[kofjeplant]]sjes Jemen útsmokkede en sels úteinsette mei it kweken fan kofje op [[Java]]. Mei de opkomst fan de kofjeplantaazjes yn Aazje en Súd-Amearika begûn de delgong fan de stêd. De Spaanske [[Jezuïten|Jezuïtemisjonaris]] [[Pedro Páez]] soe yn 1595 de earste Europeaan west hawwe dy't Mokkakofje preau yn it plak sels. Yn 1839 brochten de Britten har regionale haadkertier fan Mokka nei [[Aden (stêd)|Aden]] oer, oare Europeeske lannen folgen har foarbyld.
 
Oant yn de [[19e ieu]] tsjinne Mokka as haven fan de Jemenityske haadstêd [[Sanaa]]. Hjoeddendei hat Mokka as haven net folle mear te betsjutten, en hat Aden de rol fan wichtiste haven fan Jemen oernaam. De pleatslike ekonomy moat it no hawwe fan fiskerij en in lyts bytsje toerisme.