Hantumerútbuorren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Dokkumer Wâlden, kopkes
Rigel 8:
Letter is it nochris splitst. Nijenhûs en Germerthûs bestienen doe út twa pleatsen. Germerthûs út Germerthûs en it, no al lang ôfbrutsen, Kommerhûs.
 
Letter is de úthôf opheven en waard de grûn ferhierd en foar in part oan de hierder ferkocht. It hierkontrakt fan Germerthûs is bewarre bleaun. Douwe Syurts moast neist de hier fan 33 goudgûnen, it tûne reade bûter (maitiidsbûter) en sied foar in kwart pûnsmiet oan Sion leverje. Boppedat moast er sân weinen turf foar it kleaster út de [[Dokkumer wâldenWâlden]] ophelje.
===It Germetshûs of poartepleats===
 
Nei 1580 ferfoel it kleasterbesit oan de Steaten. Nei in skoftsje ferkeapje de Steaten it âlde kleasterbesit. Eigner wurdt Wopcke Bartholomeus. Wopcke moat in man fan wizânsje west hawwe. Yn 1651 lit hy der in nije pleats mei in poarte delsette. Oant 1754 is syn famylje der wenjen bleaun. Doe hat de feepest der in ein oan makke. De pleats wurdt dan ferhierd.
 
===De Mokma's===
 
Yn 1794 keapje de sweagers Jan Folkerts en Andries Annes dy't him letter Mokma neame sil, de pleats tegearre. Yn 1798 nimt Andries Annes de pleats allinne oer. Germerthûs bestiet út 129 pûnsmiet. Nei 1820 wreidet syn soan Anne Andries Mokma dat noch út mei wat eardere kleasterbesit wêze moaten hat. Hjirút blykt dat de Mokma's tûke boeren west hawwe.
Rigel 20:
Yn 1862 nimt Andries Annes Mokma it spul oer fan syn ferstoarne heit. Andries wie frijfeint en mocht graach jeie. Yn 1874 lit hy de pleats op 'en nij bouwe. De pleats kriget dan de namme 'Jagtlust'. As Andries Mokma yn 1890 ferstjert, dan erve de bern fan syn suster de pleats. Dizze ferhiere him.
 
===De poarte===
[[Ofbyld:Jagtlust Hantumerútbuorren jagtlust. wiki. jpg.jpg|De poate fan Germerthûs of Jagtlust|right|frame]]
==De poarte==
 
Yn 'e folksmûle waard de pleats 'De poartepleats' neamd. De poarte hat der oant 1930 ta stien. Doe is er ôfbrutsen. De slútstien mei WB 1651 derop, wurdt bewarre yn in museum te [[Dokkum]].
Germertshûs hie ek it rjocht om boppe yn 'e poarte dowen te hâlden, it hâlden fan in gibbeflecht. Healwylde dowen waarden gibben neamd. Twa kear yn 't jier waard it útmjuksje. De dowestront waard ferkocht oan kwekers fan tabaksplanten yn [[Gelderlân]] en [[Utert]]. Ek de dowen waarden dan úttinne. Dowefleis waard as eat bysûnders beskôge. Neffens de registers waarden der 200 pearen dowen holden.