Pompstersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 18:
It '''Pompstersk''' is in [[Nedersaksysk]] dialekt dat sprutsen wurdt yn it doarp [[Kollumerpomp]], yn 'e midden fan 'e [[Fryslân|Fryske]] gemeente [[Kollumerlân]]. It wurdt hjoed de dei noch sprutsen troch likernôch 200 minsken, dy't almeast ta de âlderein hearre. It sprekkerstal nimt dan ek ôf.
 
It Pompstersk is in oergongsfoarm tusken it [[Wâldfrysk]], dat yn it westen fan [[Kollumerlân]] sprutsen wurdt, en it [[Westerkertiersk]], in [[Nedersaksysk]] dialekt dat yn trije doarpen yn eastlik [[Kollumerlân]] en yn it oangrinzgjende part fan 'e provinsje [[Grinslân]] sprutsen wurdt. Sa hat it Pompstersk bygelyks de Fryske "g" fan "'''g'''at" beholden, wylst men yn 'e buordoarpen [[Warfstermûne]], [[MûntsjesylMuntsjesyl]] en [[Boerum]] de "g" op 'e Nedersaksyske manear útsprekt, lykas yn "ber'''ch'''" of "brê'''g'''e". Lykwols hat it Pompstersk mear gemien mei it [[Nedersaksysk]] as mei it [[Frysk]] en wurdt it sadwaande ta de Nedersaksyske dialekten rekkene.
 
[[Ofbyld:Lânkaart_lokaasje_pompstersk.GIF|left|thumbnail|De lokaasje fan it Pompsterske dialekt yn it Nedersaksyske taalgebiet.]]