Piter Jelles Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
ofbyld
Aliter (oerlis | bydragen)
monumint
Rigel 19:
It houlik tusken Pieter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer rûn nei ferrin fan tiid op'e non en waard yn [[1907]] offisjeel ûntbûn, wernei Troelstra op'e nij troude, mei Sjoukje Oosterbaan.
 
[[Ofbyld:Stiens Troelstramonumint.wiki.jpg|right|thumb|300px|It monumint foar Piter Jelles]]
Nei it útbrekken fan de Russyske revolúsje, seach Troelstra kânsen om de Nederlânske befolking yn [[1918]] ta in sosjalistyske revolúsje oer te heljen. Oan syn oprop waard suver gjin gehoar jûn. Foar Troelstra wie dat in grutte teloarstelling. Hy luts him stikje by bytsje werom út de polityk. Yn de lêste jierren fan syn libben skreaun hy ûnder de titel ''Gedenkschriften'' syn memoares. Op [[12 maaie]] [[1930]] is er yn De Haach ferstoarn.
 
[[Ofbyld:Stiens Troelstramonumint.wiki.jpg|right|thumb|300px|It monumint foar Piter Jelles.]]
Nei syn dea yn 1930 waard yn Stiens besletten om de âlddoarpsgenoat mei in monumint te betinken. Dit monumint, troch [[Tsjipke Visser]], is der yn [[1933]] kommen, hoeke Langebuorren - It Achterbosk. Dat koe mei stipe fan leden fan de [[Fryske beweging]], ek fan harren dy’t har yn politike sin gjin geastferwant fan Troelstra fielden. It is dan ek foaral in earbetoan wurden oan de dichter en skriuwer Piter Jelles. Op it monumint stiet: ''Oantinkings fan Piter Jelles Frysk skriuwer en dichter Fen de Friezen 1933''. De strjitte dêr't er yn Stiens wenne hat, hjit no ''Piter Jellessingel''.
 
Yn [[1973]] eare de gemeente Ljouwert Troelstra troch in nije literatuerpriis, de [[Piter Jellespriis]], nei him te neamen. Ek is de ISM [[Pieter Jelles]], yn Ljouwert en omkriten, neamd nei Troelstra.