Molke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 6:
Meastenttids wurdt kowemolke brûkt as minsklike konsumpsje. Ien liter kowemolke wêget 1030 gram. Geitemolke en skieppemolke wurde minder brûkt as komolke. Yn Jeropa en Ruslân wurdt ek wol [[hynstemolke]] produsearre. Buffelmolke wurdt hast allinne brûkt foar de produksje fan tsiis.
Eartiids waard ezelinnemolke ek wol brûkt yn pleats fan tate, omdat de gearstalling dêrmei noch wol oerienkomt. Yn it noarden fan [[Skandinaavje]] en [[Ruslân]] wurdt ek wol [[rindiermolke]] brûkt.
 
== Ferwurking ==
Foar it better bewarjen fan molke wurdt raumolke yn'e suvelfabryk bewurke middels in tal prosessen.
Om molke langer hâlber te hâlden moatte de measte baktearjes deamakke wurde. Seane molke hat grif in oare smaak, dus moat der in evenwicht fûn wurde tusken hâldberheid en smaak.
 
* [[pasteurisaasje]] (hjitsje op 72°)
* [[sterilisaasje]] (hjitsje op 120°)
* [[UHT]]-sterilisaasje (it hurd hjitsjen op Ultra Hege Timperatuer)
* Baktofúzje, in soarte sintrifúzje om molke te suverjen fan baktearjes
* [[Siede]] (hjitsje oant de molke siedt, wurdt net yn'e fabryk dien, mar boeren dy't harren
eigen molke brûke dogge dit meastal)
* [[prottelje]] fan [[bjist]]
 
Ek it fet yn'e molke kin oanpasse wurde.
* folle molke, mei mear as 35 gram de liter, wêrfan gjin fet úthelle is. It persintaazje stiet
hjirfan dus ek net fêst. It hinget ek ôf fan it seisoen. It wurdt ek wol ''boerelânmolke'' neamt
* healfolle molke, tusken de 15 en 18 gram de liter, wêrfan de helte fetten úthelle is.
* meagere molke, minder as 0,3 gram de liter, wêrfan hast alle fetten úthelle binne.
 
Fan molke kinne ferskate suvelprodukten makke wurde, bygelyks [[jochert]], [[fla]], [[sûpe]], [[bûter]] en [[tsiis]].
 
== Keppeling om utens ==