Weidum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Strjitten: ferklearring strjitnammen
Rigel 49:
 
== Strjitten ==
* ''Bornialeane'' - [[Borniastate]] stie oan de súdkant fan de tsjerke, neist [[Papingastate]] oan ’e ein fan de hjoeddedeiske Kûperssteech op dêr’t no it platte stik lân fan Fokke Looijenga is tusken Bouma en Papingastata. Heechstwierskynlik is it earste hûs boud yn 1634/35. Borniastate wie, nei’t it hûs efkes foar 1763 opnij boud wie, krekt as Dekemastate, in sieraad foar it dorp. Yn 1864 is it hûs foar ôfbraak ferkocht en fjouwer jier letter waard it mei de grûn gelyk makke.
Bornialeane, Bumaleane, De Strûken, Dekemawei, Grutte Buorren, Hanialeane, Hegedyk, Idzerdaleane, [[Kinsck van Ropta]]wei, Kûperssteech, Lytse Buorren, Sânpaed, Skildyk, Wielsterdyk.
* ''Bumaleane'' - nei de famylje Buma. Opfallend is it grutte tal leden fan dat laach, dat wurksum wie yn it iepenbier bestjoer, by justysje en by de kriichsmacht. Harren grêven binne werom te finen op it famyljetsjerkhôf yn Weidum dat yn ’e winter fan 1825-1826 oanlein is. Nei it ferstjerren fan mr Wiardus Willem Buma in 1873 ûntstie de nei him neamde stúdzybeurs, it [[Bumalien]], dat hjoeddedei noch bestiet. De pacht fan de pleats Domnazathe (Buma-lien) yn Weidum hie njonken de pacht foar it Bumalien ek de soarch foar it ûnderhâld fan it famyljehôf. De strjite Bumaleane is oanlein yn ± 1984.
* ''De Strûken'' - Op ‘e Strûken hawwe earder wol 10 wenhuzen stien, dy’t no (hast) allegearre ôfbrutsen binne.
* ''Dekemawei'' - De Dekemawei is ferneamd nei it laach Dekema dat fan ± 1200 ôf fan ynfloed west hat yn Weidum sûnt ealman Frâns Dekema de stins en it bestjoer oer Weidum oernaam fan it Lúntsjerkster Kleaster, dêr’t Weidum in úthôf fan wie. Dekemastate lei op ‘e hoeke fan de Dekemawei en de Hegedyk, dêr't no de iisbaan is. Fan âlds wie der allinne in binnenpaad mei in heechhout oer de Swette nei Wurdum, dêr’t je te foet lâns koene. Yn 1789 stie Dekemastate te keap en yn de beskriuwing wurdt de Dekemawei neamd: ''Voorts aan den Noordkant een mooije plantagie en singel aan de Weijdumer opvaart, strekkende sig Oostwaarts uijt nae het Weijdumerhout, sooverre tot dit hornleger behoorende, Dekemalaan genaamd.'' In dy tiid moatst men mei hynder en koetske fan Weidum nei Wurdum gâns omride oer Boksum! Doe’t yn 1837 de dyk ferhurde waard ta púndyk en ûntsletten nei de Rykswei, waarden de mooglikheden al grutter. De dyk waard/wurdt ek wol Weidumerdyk neamd. Om’t de kastlein yndertiid wol hurddraverijen útskreau foar gewoane boerehynders ( ‘hynders ûnder de man’) waard de dyk earder ek wol Hurddraversdyk neamd. Op it stik lân yn de hoeke Dekamawei-Wielsterdyk hold men doedestiids altyd de merke. J. van der Tol, âld-ûnderwizer yn Weidum, skreau yn syn stikjes oer Weidum yn 1934: ''Sa’n hirddraversbaen as to Weidum foun men nearne. Fen it tolhûs (red: no Looijenga) oant de brêge fan Algera (red: no Weidumerhout) laei in dûbele dyk, ta wegen neist elkoar, fan in seadden richel fen mekoar skaet: dat wier de Dekamawei.''
* ''Grutte Buorren'' - Op âlde kaarten is te sjen dat oan de kant fan de terp dêr’t de Greate Buorren leit, it earste boud waard). De Greate Buorren wie it langst en it wichtichst. Foar 1908 stie oan de Greate Buorren it [[gritenij]]hûs. De Lytse Buorren wie letter as de Greate Buorren oanlein.
* ''Hanialeane'' - ferneamd nei de Haniastate dy’t stie oan de eastkant fan de Hegedyk dêr’t it Sânpaed útkomt op de Hegedyk. Yn 1200 wenne dêr al in Verglius Hania, mar nei [[1640]] wennen der gjin Hania’s mear. De Hanialeane is nei de oarloch beboud. Foar dy tiid wiene der hast allegearre folkstúntsjes en koe men allinne oer de Skildyk en it Sânpaed Weidum ynkomme.
* ''Havenspaad'' - Op it plak fan it Havenspaed wie eartiids in haven. Dêr leine de frachtskippen (û.o. dy fan Tamminga). Doe’t der letter in suvelfabryk wie brochten se bûter nei Ljouwert en namen se turf mei werom. Yn de santiger jierren fan de [[20e ieu]] is de haven ticht smiten.
* ''Hegedyk'' - de âlde (heger lizzende) Middelseedyk.
* ''Idzerdaleane'' - nei de bekende yngenieur en radiopionier [[Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda]] ( [[26 septimber]] [[1885]] - ? novimber [[1944]]) dy’t, as soan fan húsdokter Henricus Steringa, yn Weidum berne is. Op [[6 novimber]] [[1919]] om 20.00 oere fersoarge hy de earste radio-útstjoering yn [[Nederlân]] foar in algemien publyk. Dat wie boppedat de earste stjoerder op ‘e wrâld mei oankundiging foarôf en regelmjittige útstjoerings. Oan [[11 septimber]] [[1924]] ta wist hy syn stjoerder mei de ropletters PCGG (Pracht Concerten Gratis Gegeven) yn ‘e loft te hâlden. Troch jildgebrek kaam der in ein oan dy pionierstiid. Wylst naam de Hifertsomske NSF (Nederlânske Seintastellen Fabryk), mei stipe fan Philips, dy’t twa útstjoermêsten by Huizen beskikber stelde, de publike omroptaak oer. Idzerda boude noch wol in stjoerder foar it KNMI. Yn de perioade fan de [[Twadde Wrâldoarloch]] hold hy him dwaande mei fersetswurk. Ein 1944 is hy troch de Dútsers deasketten. It oantinken op ‘e hoeke fan de Idzerdaleane is foar syn radiowurk.
* ''[[Kinsck van Ropta]]wei'' - Kinsck van Ropta ( [[1508]] – [[15 july]] [[1581]]) fan Roptastate te [[Mitselwier]] wenne sûnt har houlik mei Sjoerd Andla (16 maaie 1541) op [[Papingastate]]. Om´t Kinsck in 1512 har âlden ferlern hie en efterbleau as weesbern en om´t sy sels gjin bern hie, wie se begien mei it lot fan de wezen. Yn 1541 stichte it pear Andla-Van Ropta in weeshûs (it twadde yn Fryslân) op [[Tjallingastate]] by [[Westernijtsjerk]] (Ferwerderadiel). Kinsck van Ropta liet oan de Weidumer tsjerke 12.000 stiennen nei fan har tichelwurk yn Winsum om in skoalle te bouwen. Ek de earme widdowen waarden net fergetten, want it hûs dat sy yn de tjerkebuorren ( no de Kûperssteech) kocht wie foar harren ornearre. Kinsck van Ropta is, lykas har earste en twadde man, begroeven yn de tsjerke van Weidum. It weeshûsfûns bestiet noch.
* ''Kûperssteech'' -
* ''Lytse Buorren'' - Op âlde kaarten is te sjen dat oan de kant fan de terp dêr’t de Greate Buorren leit, it earste boud waard). De Grutte Buorren wie it langst en it wichtichst. Foar 1908 stie oan de Greate Buorren it [[gritenij]]hûs. De Lytse Buorren wie letter as de Grutte Buorren oanlein.
* ''Sânpaed'' -Eartiids wie it Sânpaed yndied in sânpaad. Om 1910 hinne waard it ferhurde mei strjitstiennen. It Sânpaed rûn eartiids ôf in heechhout rjochttroch nei it westen ta, mear op ‘e pleats fan Swierstra oan. Yn 1940 is dat sa feroare dat er rjocht foar de Grutte Buorren útkaam mei in fêste brêge, allinne foar fytsers. Yn de jierren santich is de haven tichtsmiten. De brêge koe doe ferfalle en de strjitte waard rjochtlutsen nei de Grutte Buorren.
* ''Skildyk'' - wie eartiids in skilpaadsje. Wannear’t it ferhurde is, is net bekend. De Skildyk wie froeger de ienichste tagongswei foar auto’s nei de buorren: de brêge oer de haven wie te smel en Hanialeane bestie noch net.
* ''Wielsterdyk'' - In wiel is in wetterkolk of in troch in dyktrochbraak ûntstiene wetterpoel of lytse mar. Men tinkt oan in dyktrochbraak op it plak fan it Wiel: in kear is der in nortonput slein is by it súvelfabryk (in pear jier foar de sluting). Yn it fabrykskrantsje it Fabrieksluid stie fermeld dat oan de opbou fan de útkommende modder te sjen wie dat der in trochbraak west hie. Oannommen wurdt dat de dyk oait trochbrutsen is en dat dêrnei de dyk ferlein waard. Op sommige kaartsjes soest sjen kinne dat de dyk net rjochttroch rint.
 
== Sjoch ek ==