Igorliet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Rigel 1:
[[Ofbyld:Igorsvyat.jpg|thumb|''It fjild fan Igor syn slach mei de Povlotsen, troch [[Viktor Vasnetsov]]]]
It '''Igorliet''' of '''It liet fan de fjildtocht fan Igor''' (Aldrussysk: Слово о плъку Игоревѣ, ''Slovo o plŭku Igorevě''; Russysk: Слово о полку Игореве, ''Slovo o polku Igoreve''; Oekraïens: полку Ігоревім, ''Slovo o polku Ihorevim'') is in anonym epos / poëem, skreaun yn it [[Aldrussysk]] en datearre yn de ein fan de tofde ieu en in seldsum hichtepunt yn de midsieuske [[Russyske literatuer]]. [[Aleksander Borodin]] basearre syn ferneamde opera ''[[Prins Igor]]'' op it ''Igorliet''.
 
{{wurk}}
== Ynhâld ==
[[Ofbyld:Biliwar.jpg|thumb|''[[Ivan Bilibin]]s syn yllustraasje by it ''Igorliet'']]
It ''IgorliedIgorliet'' beskriuwt de ûngelokkige fjildtocht yn 1185 fan Prins Igor fan Novgorod-Severski, in stedsje ten noardeasten fan [[Kiev]], tsjin de Polovstsy, plonderjende nomaden. Dizze roekeleaze mar histoarysk ûnbetsjuttende fjildtocht, dy't úteinlik liedt ta Igor syn nderlaachnederlaach, wurdt ferhearlike en besongen yn sterk poëtyske bewurdings. Opmerklik is dat Igor net allinnich besongen wurdt, mar ek bekritisearre. As hy net sa ûnbetochtsum west hie om poerallinnich tsjin de fijân op te lûken, mar him feriene hie mei oare Russyske foarsten (benammen mei de grutfoarst fan Kiev), hie hy mear kâns hân op súkses. It ''Igorliet'' jout dêrmei krityk op de ferdieldheid fan de Russyske foarsten yn de tolfde ieu, doe't it lân al bedrige waard troch ynfallen troch de nomaden út de steppen oan de eastkant fan de [[Wolga]]. In ieu letter soe Ruslân hielendal ûnder de ynfloed komme fan de Mongoals-Tartaarske horden en bruts in perioade oan dy't bekend stiet as it “Tartarejok” (fan 1220 oant 1480).
[[Ofbyld:Slovo o pluku Igorově, 1800.jpg|thumb|Earste printe útjefte ''Igorliet'', (1800 )]]