Jan Hendrik Oort: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Rigel 3:
 
== 1900-1940 ==
Oort waard berne yn [[Frjentsjer]], mar ferhuze al ier nei [[Oegstgeest]]. Yn [[1917]] gie hy studearjen oan de [[Ryksuniversiteit Grins]] by [[Jacobus Cornelius Kapteyn]]; hy helle hjir yn [[1921]] syn [[doktoraaleksamen]] yn de [[astronomy]]. Nei syn ôfstudearjen bleau hy noch in jier by dizze universiteit yn de funksje as ûndersyksassistint, mar giewurke daarnad6ernei voortwa tweejier jaar werken bijby hetit [[Stjerrewacht|observatoarium]] fan de [[Yale-universiteit]] ([[Connecticut]], [[Feriene Steaten|FS]]). Yn [[1924]] waard hy troch [[Willem de Sitter (wittenskipper)|Willem de Sitter]] nei de [[Universiteit Leien|Ryksuniversiteit Leien]] helle. Hjir gie hy wurkjen by de [[Stjerrewacht Leien|Leienske Stjerrewacht]], om dêrneidêr de rest fan syn libben dêr te bliuwen (útsûndere koarte perioades fan sabbatsjierren en yn de [[Twadde Wrâldoarloch]]). Yn [[1926]] [[Wittenskiplike promoasje|promovearre]] hy ''[[cum laude]]'' oan de Ryksuniversiteit Grins by [[Pieter van Rhijn]] op it [[proefskrift]] titele "The stars of high velocity".
 
Oort fûn yn [[1927]] it bewiis foar de teory fan [[Bertil Lindblad]] dat de [[Molkwei (stjerrestelsel)|molkwei]] rotearret. Hy die dat troch de beweging fan fiere stjerren te analysearjen. Oan de Ryksuniversiteit Leien waard hy yn [[1930]] [[lektor]] en neidat de Deen [[Ejnar Hertzsprung]] nei it hommelske ferstjerren fan De Sitter yn [[1934]] [[heechlearaar]]/direkteur fan de Leienske Stjerrenwacht wurden wie, krige Oort in beneaming as heechlearaar. Syn [[Ynaugurele rede|oraasje]] yn [[1935]] hie de ienfâldige titel "De bou fan de stjerrestelsels". Yn de jieren tritich en fjirtich waard syn belangstelling wekt foar [[Radiogolf|radiostrieling]] yn it hielal.
 
Yn 1935 waard Oort keazen ta algemien sekretaris van de International Astronomical Union (IAU), en inyn 1937 werdwaard hijhy verkozenkeazen totas lid fan de [[Keninklike Nederlânske Akademy fan Witenskippen]] (KNAW).
 
Yn 1928 waard syn soan [[Coen Oort]]berne, dy't letter in wichtich Nederlânsk ekonoom wurde soe.
{{wurk}}
 
== Oarlochstiid ==
Yn de [[Twadde Wereldoorlog]] luts Oort him werom fan de stjerrewacht om net gizele te wurden troch de [[nazy|Dútsers]]. Yn 1942 sette [[Jan Duyvendak]] Sineeske dokuminten oer inoangeande de ferskining fan in [[gaststjer]] dy't yn it jier 1054 ferskynde en no de namme [[Kraabnevel|SN 1054]] draacht.
 
Syn [[promovendus]] [[Hendrik C. van de Hulst]] die yn [[1944]] by in geheime lêzing de foarsizzing dat yn de radiostrieling út it hielal de 21-sm wetterstofline fûn wurde moast, wat nei de oarloch befestigebefêstige waard.
 
Nei de oarloch waard Oort heechlearaar/direkteur fan de stjerrewacht en ûnder syn lieding waard begûn mei de [[radioastronomy]]. Hy rjochte de ''Stichting Radiostraling van Zon en Melkweg'' op. De stichting waard foarme troch in gearwurking fan de Leienske en Utertske stjerrewachten, de [[PTT (Nederlân)|PTT]] en it [[Philips Natuurkundig Laboratorium|natuerkundich laboratoarium]] fan [[Koninklijke Philips Electronics N.V.|Philips]]. Mei in [[Würzburg (radar)|Würzburg-Riese]], in âlde radarantenne fan de Dútsers, waard yn [[Radio Kootwijk (doarp)|Radio Kootwijk]] ûndersyk dien nei radiostrieling fanút de romte.