Star Trek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side ferfong mei '"Star Trek" is in te nerderig underwerp om op Wikipedy te stean.'
Hoo man (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "77.169.61.41" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "MeinRei".
Rigel 1:
{{wurk}}
"Star Trek" is in te nerderig underwerp om op Wikipedy te stean.
[[Ofbyld:The_Shuttle_Enterprise_-_GPN-2000-001363.jpg|thumb|300px|[[Gene Roddenberry]] en inkele akteurs út de oarspronklike Star Trek-sery by de Space Shuttle Enterprise]]
[[Ofbyld:StarTrek.Andorian.01.jpg|thumb|230px|In [[Andorian|Andoriaanse]], ien fan de soarten út it Star Trek-universum.]]
'''Star Trek''' is in Amerikaanske [[Science-fiction]] sery, betocht troch [[Gene Roddenberry]] yn [[1964]]. ''Star Trek'' begûn yn 1964 mei de ôflevering ''The Cage''. Dêrnei binne 5 spin-off sery's makke mei yn totaal mear as 800 ôfleverings en 10 films.<ref name="MA">http://memory-alpha.org/wiki/Portal:Main</ref>
Star Trek is in registrearre Trademark fan Paramount Pictures. <ref name="STE"/>

== Skiednis ==
Omdat ''Star Trek'' sa grut is en net altyd oereinkomt mei de echte wrâld, wurdt de 'wrâld' dêr't it him yn ôfspilet ek wol it ''Star Trek Universum'' neamd. Yn dat artikel fine jo de skiednis fan de produksje fan ''Star Trek'' en de skiednis fan it ''Star Trek Universum''.

=== Echte Wrâld ===
==== ''The Original Series'' ====
Yn it begin fan de sechstiger jierren, betocht eks-plysjeman Gene Roddenberry in Science Fiction searje, basearre op de echte wrâld (mei de Federation as Amearika, de Klingons as Ruslân en de Romulans as Sina) en op it Wylde Westen. Hy neamde dy rige "A Wagon Train to the Stars," (dêrom ek ''Star'' '''''Trek'''''), mar net ien woe it produsearje, oant Desilu Studios yn 1964 de opdracht jouwt foar in [[pilot]].

Yn 1964 wurdt ''The cage'' filme en yn 1965 wol NBC it net útstjoere.
Se wolle wol in nije pilot, mar dan moat de ''alien'' [[Spock]] dêr út en mei de "Second in Command," (de ferfanger fan de kapitein) gjin frou wêze.

Gene Roddenberry foldocht oan de twadde betingst, mar [[Spock]] moat bliuwe.
Hy makket in twadde pilot, ''The Man Trap'', dy't akseptearre wurdt troch NBC.
Yn 1966 wurdt de twadde pilot útstjoerd en wurdt de earste gewoane ôflevering, ''The Corbomite Maneuver'' makke en útsjoerd.
Yn 1967 wurdt Desilu Studios kocht troch Paramount Pictures en wurdt it twadde seizoen útstjoerd.

Fanwege de minne sjochsifers wol NBC gjin tredde seizoen útstjoere dus in grutte groep fans protestearret en it tredde seizoen komt op de televyzje, mar dêrnei hâldt it op en wurde der allinnich noch mar werhellings útstjoerd.

It súkses fan dy werhellings is sa grut, dat de earste ''Star Trek'' konvinsje hâlden wurdt yn [[New York City]] yn 1972.
Der komme 3000 minsken, 10 kear safolle as de organisaasje tocht hie. <ref name="STE">Okuda, M; Okuda, D; ''The Star Trek Encyclopedia, a Reference Guide to the Future, updated and expanded edition'', POCKET BOOKS, 1999, ISBN: 0-671-53609-5</ref>

==== ''The Animated Series'' en ''Star Trek: Phase II'' ====
Yn 1973 wurde 22 ''Star Trek'' tekenfilms fan 30 minuten útstjoerd en 3 jier letter wol Paramount Pictures in ''Star Trek'' film meitsje, mar se komme net fierder as it skriuwen fan in skript.
Ien jier dêrnei wol Paramount Pictures in nije ''Star Trek'' searje meitsje, mar yn 1978 beslute se fan de earste ôflevering in film te meitsjen.

==== De Films ====
[[Ofbyld:Star Trek Crew.jpg|thumb|left|260px|De Star Trek ploech]]
===== Star Trek: The Motion Picture =====
De earste ''Star Trek'' film, '''''Star Trek: The Motion Picture''''' wurdt yn 1979 publisearre en begjint wannear't in grutte blauwe wolk yn de romte 3 Klingon oarlochsskippen ferneatigt. Starfleet komt der achter dat de wolk op de Ierde ôf giet en stjoert de ''Enterprise'' om it tsjin te hâlden. Admiraal James Kirk nimt it kommando oer de Enterprise oer fan Matthew Dekker en giet nei de wolk ta. Se ûntdekke dat de wolk makke is troch ''V'ger'', dy't letter de romtesonde ''Voyager VI'' blikt te wêze.

De blauwe wolk wie boud troch in beskaving fan libbene masines, dy't Voyager VI holpen mei syn misje: alles witte wolle.
Spitichgenôch wie de blauwe wolk hiel gefaarlik, en doe't de bemanning fan de ''Enterprise'' dat dúdlik makke hie oan Voyager VI, gie Voyager VI wer fuort.

===== Star Trek: The Wrath of Kahn =====
Yn 1992 besocht in kloft genetysk mutearre superminsken de ierde te ferôverjen. Se regearen foar in koarte tiid oer in kwart fan de wrâld, mar yn 1996 hawwe se ferlern en moasten se fan de Ierde ôf flechtsje. Yn 2285 komme se wer werom. Se ferôverje dan in Star Fleet skip en stelle ''Project Genesis'', in masjine dy't fan gaswolken planeten fol libben meitsje kin, mar ek al it libben fan it planeet ferwoastigje en ferfange kin. De superminsken wurde tsjinhâlden troch kapitein Kirk, mar syn soan en Spock oerlibje it net.

De film is yn 1982 makke.

===== Star Trek: The Search for Spock =====
Yn 1982 wol Leonard Nemoy in tredde ''Star Trek'' film regissearje. Yn dy film blykt dat Spock, foardat hy dea gie, syn ''katra'', in soart siel, yn dokter Mc.Coy transplantearre. De bemanning fan de Enterprise moat syn licheam wer fine en syn katra der wer yn sette.

De film is yn 1984 publisearre. <ref> Paramount Pictures; Star Trek: The Search for Spock </ref>

===== Star Trek: The Voyage Home =====
[[Ofbyld:Enterprise-D crew quarters.jpg|thumb|left|260px|Ynterieur fan de Enterprise]]
Dizze film is yn 1986 publisearre. Spock moat himsels wer weromfine, mar in alienskip falt de Ierde oan omdat de walfisken útstoarn binne. De bemanning fan de Enterprise giet tebek yn'e tiid om walfisken te finen en nei de takomst te bringen mei it Klingon oarlochsskip dat se ferôveren yn ''Star Trek: The Search for Spock''. <ref> Paramount Pictures; Star Trek: The Voyage Home </ref>

===== Star Trek: The Final Frontier =====
Dizze film, regisearre troch William Shatner, begjint op de planeet Nimbus III, dêr't Spock's broer, Sybok, in leger makke hat dat de haadstêd oanfalt. De ''Enterprise'' moat der hinne om it op te lossen, mar wurdt kaapt troch Sybok. Hy wol mei de ''Enterprise'' nei ''Sha Ka Ree'', in planeet dêr't, neffens guon minsken, [[God]] wennet. De bemannning fan de ''Enterprise'' wol it skip weromkape, mar dat slagget net foardat se op Sha Ka Ree arrivearje. Dêr is in wêzen dêr't Sybok earst fan tinkt dat it God is. Dan ûntdekke se dat it wêzen God net is en wol it wêzen se deadmeitsje. Se ûntsnappe fan de planeet en geane wer werom nei de Ierde. <ref> Paramount Pictures; Star Trek: The Final Frontier </ref>

===== Star Trek: The Undiscovered Country =====
Yn 1991 barden twa wichtige dingen foar ''Star Trek'': Gene Roddenberry gie dea en ''Star Trek: The Undiscovered Country'' kaam yn de bioskoop. Yn it ''Star Trek Universum'' barde ek eat wichtichs: nei in hiele lange oarloch, wolle de [[Klingons]] frede slute mei de Federation. Kanselier Gorkon wurdt troch de ''Enterprise'' nei in planeet brocht foar de ûnderhannelings. Op de Enterprise wurdt Gorkon dea makke en de Klingons beskuldigje [[Kirk]] en [[Mc.Coy]].

Kirk en Mc.Coy wurde troch in Klingon rjochtbank berjochte en krije libbenslang yn in Klingon finzenis op Rura Penthe.

Oan de ein fan de film komt der frede en komme Kirk en Mc.Coy wer frij.

===== Star Trek: Generations =====

Yn 1994<ref> http://www.imdb.com/title/tt0111280/ Star Trek: Generations op IMDB </ref> is de film ''Generations'' makke.
Dizze film begjint mei de earste reis fan de ''Enterprise B''.
It skip ûntfangt in SOS fan 3 El-Auriaanse skippen dy't fêst sitte yn in enerzjylint.

Twa skippen wurde ferneatige, mar de ''Enterprise'' kin ien skip rêde.

James Tiberius Kirk oerlibbet dit net.

80 Jier letter wol Tolian Soran wer werom nei it enerzjylint.
It lint blykt in soart paradys te wêzen, mar om der yn te kommen moat it lint troch in planeet gean.

Soran blaast stjerren op om yn it lint te kommen, mar kapitein Picard ferslaat Soran, tegearre mei Kirk, dy yn it lint wie.<ref> Paramount Pictures; Star Trek: Generations </ref>

{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>

{{Commonscat|Star Trek}}
[[Kategory:Science Fiction]]

[[ar:ستار تريك]]
[[ast:Star Trek]]
[[be-x-old:Зорны шлях]]
[[bg:Стар Трек (вселена)]]
[[bn:স্টার ট্রেক]]
[[br:Star Trek]]
[[bs:Zvjezdane staze]]
[[ca:Star Trek]]
[[cs:Star Trek]]
[[cy:Star Trek]]
[[da:Star Trek]]
[[de:Star Trek]]
[[el:Σταρ Τρεκ]]
[[en:Star Trek]]
[[eo:Star Trek]]
[[es:Star Trek]]
[[et:Star Trek]]
[[fa:پیشتازان فضا]]
[[fi:Star Trek]]
[[fr:Star Trek]]
[[ga:Star Trek]]
[[gl:Star Trek]]
[[he:מסע בין כוכבים]]
[[hi:स्टार ट्रेक]]
[[hr:Zvjezdane staze]]
[[hu:Star Trek]]
[[id:Star Trek]]
[[is:Star Trek]]
[[it:Star Trek]]
[[ja:スタートレック]]
[[ka:ვარსკვლავური გზა]]
[[ko:스타 트렉]]
[[la:Star Trek]]
[[lb:Star Trek]]
[[li:Star Trek]]
[[lv:Zvaigžņu ceļš]]
[[mk:Ѕвездени патеки]]
[[mr:स्टार ट्रेक]]
[[ms:Star Trek]]
[[nds:Star Trek]]
[[nl:Star Trek]]
[[nn:Star Trek]]
[[no:Star Trek]]
[[pl:Star Trek]]
[[pt:Star Trek]]
[[ro:Star Trek]]
[[ru:Звёздный путь]]
[[sh:Zvjezdane staze]]
[[simple:Star Trek]]
[[sk:Star Trek (filmy a seriály)]]
[[sl:Zvezdne steze]]
[[sq:Udhëtimi yjor]]
[[sr:Звездане стазе]]
[[st:Star Trek]]
[[sv:Star Trek]]
[[th:สตาร์ เทรค]]
[[tl:Star Trek]]
[[tr:Uzay Yolu]]
[[uk:Зоряний шлях]]
[[vi:Du hành giữa các vì sao]]
[[zh:星艦奇航記]]
[[zh-min-nan:Star Trek]]