Ferskil tusken ferzjes fan "Wynmotor De Feanhoop"

gjin bewurkingsgearfetting
De mole is in grutte [[Mealree|mealreeë]] [[Wynmotor|Amerikaanske wynmotor]] fan it merk ''Herkules'', type ''Metallicus''. De mole waard makke by de ''Deutsche Windturbinen Werke'' yn [[Dresden]] en ymportearre troch de handelsmaatskippij [[R.S. Stokvis|R.S. Stokvis en Zonen]] út [[Rotterdam]]. Hy hat in wynrêd fan 30 blêden en in diameter fan 11 meter.
 
De mole waard eartiids yn [[1921]] delsetten foar de [[Bemeale|bemealing]] fan de 391 [[hektare|ha]] grutte polder ''De Hege Warren''.<ref>Oare boarnen neame 1926 as boujier.</ref> Hy hat tsjinne oant 1962, doe waard hy ferfongen troch in elektrysk [[Gemaal (wetterbou)|gemaal]]. In jier letter waard de wynmotor troch in partikulier oankocht, dy't him foar takomstige generaasjes bewarje woe. De kosten dêrfoar blieken lykwols heech. Yn 1996 wie de mole yn sa'n minne steat dat hy om slimmer te foarkommen sloopt waard en opslein. Hy waard foar it symboalyske bedrach fan ien gûne ferkocht oan in oare partikulier. Dy waard ferplichte de mole te restaurearjen, mar hy koe de kosten dêrfoar net opbringe. Nei bemiddeling fan de gemeente Smellingerlân waard de mole dêrnei - wer foar ien gûne - ferkocht oan de hjoeddeiske eigener, de [[It Damshûs|Stifting It Damshûs]], dy't yn [[Nij Beets]] in iepenloft-feanterijmuseum eksploitearret. Dy liet de mole restaurearje. Yn [[2000]] waard de wynmotor wer yn gebrûk nomd op syn hjoeddeiske stee inkele hûnderten meters benoardeasten fan De Feanhoop. Dêr bemealt hy oan de [[Binnenringfeart]] de ''Grutte Feanpolder'', dy't part is fan it natoerûntwikkelingsprojekt ''Petgatten De Feanhoop'' fan [[It Fryske Gea]].
 
De wynmotor, dy't beheard wurdt troch it [[Wetterskip Fryslân]], is oanwiisd as [[ryksmonumint]]. Hy is net te besichtigjen.
10.424

bewurkings