It Diakonyfean: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: It '''Diakonievene''' is in natoergebiet fan 44 hektare by Nijeberkeap dat bestiet út in oantal plassen dy't mei elkar yn ferbining steane. Fierders is der in pingo-ruïne mei bebosk...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 1:
It '''Diakonievene''' is in natoergebiet fan 44 hektare by [[Nijeberkeap]] dat bestiet út in oantal plassen dy't mei elkarelkoar yn ferbining steane. Fierders is der in pingo-ruïne mei beboske stowâl en stikjes heide.
 
[[It Fryske Gea]] is sûnt [[1953]] eigener fan de Diakonievene. De namme komt út de tiid dat de diakonij fan Nijerbekeap foar de earmen soarge en hjir turf foar har wûn. De tsjerklike earmensoarch fû dat de pleatslike befolking winterdeis gjin kjeld lije mocht. De hjoeddeiske plassen binne oerbliuwsels fan dy feanterij yn in grutte pingo-ruïne.
 
It behear rjochtet him benammen op in spontane ûntwikkeling dy't bystjoerd wurdt troch begerskjen. De plassen binne heulendal ôfhinklik fan reinwetter wat yn de winter ta hege wetterstannen liede kin. Op in neistlizzend stik earder boulân hat natoerûntwikkeling west. De fiedselrike boppegrûn is ôfgroeven en ôffierd, wylst it oarspronklike reliëf sa goed mooglik wersteld is. Yn de groeven plaskes en yn de slinken bliuwt it wetter stean.