Strjitten yn Donkerbroek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
'noch wat oanfolling
Wikiice (oerlis | bydragen)
ABD
Rigel 1:
De '''strjittenStrjitten fan [[Donkerbroek]]:''' binne:<br>
{{Register ABD}}
 
== A ==
* ''Alde Hof'' - tsjinhinger fan ''Nijhof''.
 
== B ==
* ''Balkewei'' - âlde namme, nei de wei mei balke, dus ''brêgewei''.
* ''Bokkekampswei'' - in bokkekamp wie in stikje lân fan ± 35 are, dat healwei fersprong, der siet dus in hoeke yn.
Line 9 ⟶ 14:
* ''Brunstingwei'' - Master Brunsting wie haad fan de iepenbiere legere skoalle. Hy libbe fan 1833-1880.
* ''Buersterleane'' - strjitte oanlein njonken in fuotpaad dat eartiids bekend stie ûnder de namme "Boersterleane". Dus de wei fan in doarp dêr't de huzen steane.
 
== F ==
* ''Fearhûswei'' - By de brêge stie in bekend loazjemint: it skippersfearhûs. Hjir kaam ek de earste beurtfeartsjinst fan [[De Gordyk]] op [[Donkerbroek]], Easterw^lde en appelskea, dy't yn 1819 opstarten waard troch Cornelis Lykeles Kleisma fan De Gordyk. It wie ek it plak dêr't de omnibustsjinst fan [[1866]] - [[1911]] in halteplak hie. It wie it ienichste fearhûs fan [[Eaststellingwerf]].
* ''Feart Eastside'' - eastlike kant fan de feart.
Line 14 ⟶ 21:
* ''Feartwei'' - neamd nei de feart. In sânreed dy't nei de oanlis fan de Kompanjonsfeart oanlein is om in koartere ferbining te krijen nei it buorskip [[Moskou (buorskip)|Moskou]].
* ''Fruitier de Talmawei'' - Fruitier de Talma wie in ûntginner. Hy hat yn it hûs "Ontwijk" wenne.
 
== G ==
* ''Geert Wolter Smitwei'' - Geert Wolter Smit wie in foaroansteand ynsittene fan Donkerbroek yn frij koarte tiid. Hy komt út in âld Donkerbroekster laach.
 
== H ==
* ''Hanestreek'' - Smel stik lân op it hjoeddeiske plak.
* ''Helmholtstrjitte'' - Earstefoarsitter en mei-oprjochter fan Doarpsbelang Donkerbroek.
* ''Hearrewâl'' - in âlde Romeinske namme dy't yn ûnbrûk rekke wie is opnij ynfierd.
* ''Hearenwei'' - sjoch Hearrewâl
 
== I ==
* ''It Hoogezand'' -
* ''It West'' -
 
== K ==
* ''Kapelwei'' - rint yn de rjochting fan de tsjerke dy't ûnder [[Weinterp]] stie. Kapellepôle wie it stee dêr't ea de Sint [[Bonifatius]]kapel stie.
* ''Kleasterwei'' - Komt fan Kleasterplak. Undúdlik oft dit pân eat te krijen hat mei de godstsjinst of dat in in sammelplak wie.
* ''Kolânswei'' - wei troch de kolannen. Koelannen is in stripe lân efter it doarp lâns. Yn dit gefal fan de Skieppedrift oant sawat de Swettereed. Hjir liet men eartiids kij weidzje. De wei hjitte earst Kolânsreed. No't de reed ferhurde is hjit er wei.
 
== L ==
* ''Laurentiusstrjitte'' - de tsjerke wie oas ienige yn de Stellingwerven wijd oan Sint Lorentius.
* ''Leidyk'' - nei de [[leidyk]] dy't tagelyk wetterkearing wie.
* ''Lútzen Oetzeswei'' - Lútzen en Oetzes wienen de foarnammen fan de hearen Van der Wal, dy't yn dit gebiet in soad ûntginningen dien hawwe.
 
== M ==
* ''Mandewei'' - ''mande'' bestjut yn súdeast Fryslân ''by elkoar lizzend'', dat dat men yn de mande hie.
* ''Molewei'' - Op de hichte fan it hjoeddeiske sânpaad hat in achtkante nôtmole mei bakkerij stien. Yn 1922 is dizze ôfbaarnd.
* ''Moskou'' - nei it buorskip [[Moskou (buorskip)|Moskou]]
* ''Moskoureed'' - reed nei it [[buorskip]] Moskou. Omdat Petersburch oan de oare kant fan de feart lei, waard dizze kant Moskou neamd.
 
== N ==
* ''Nijhof'' - De wei rint oer in stik lân dat sa hiet.
 
== P ==
* ''Peelrug'' - eartiids wie hjir in moeras mei in rêch weroer de Spanjerts it moaras yn dreaun waarden.
* ''De Pegge'' - de lannen dêr't de strjitte trochhinne rûn waarden "De Pegge" neamd.
* ''Petersburch'' - nei it buorskip [[Petersburch (buorskip)|Petersburch]]. Eartiids in feanarbeidersbuert Ien fan de earste bewenners moat in Pieter Blaauw west hawwe; fandêr de namme. Pieter Blaauw hie dêr in kroechje.
* ''Ruskewei'' - Earste wie it Ruskereed, nei it ferhurdzjen krige it dizze namme. Nei de plantenamme [[rusk]]. Op dit stik boerelân stienen fjouwer pleatsen yn de [[17e ieu]], letter stienen der twa wenten.
* ''Posthúswei'' - Foar dizze wei oer stie in [[posthûs]].
 
== R ==
* ''Ruskewei'' - Earste wie it Ruskereed, nei it ferhurdzjen krige it dizze namme. Nei de plantenamme [[rusk]]. Op dit stik boerelân stienen fjouwer pleatsen yn de [[17e ieu]], letter stienen der twa wenten.
 
== S ==
* ''Skânsdyk'' - de namme fan de wei ferwiist nei de skâns Breeberch.
* ''Skânsmarwei'' - de Skânsmar wie in grutte poel.
Line 43 ⟶ 70:
* ''Stobbepoelwei'' - nei in wei mei stobben.
* ''Swettewei'' - eardere namme dy't no Boppefjild hjit. In swette is in wetterlossing.
 
== T ==
* ''Tjabbekamp'' - In âlde namme. Hjir rûn ûnder oare de Tjabbekampster wetterlossing.
* ''Tsjerkereed'' - paad om by de tsjerke te kommen.
 
== V ==
* ''Van Zandenste'' - In oantal oanwenjende net-troude bruorren en susters Van Zandenste hawwe ûnder oare grûn beskikber stelt dêr't it [[Griene Krús]]gebou op stiet.
* ''Vicariestrjitte'' - "Vicarieplaats" wie in pleats dy't oant de [[18e ieu]] op sawat it plak fan de strjitte stien hat.
* ''Vosseheer'' - Heidemar dat fan âlds oan de wei lei.
 
== W ==
* ''Wemerstrjitte'' - Der wie in famylje Wemer dy't grûnen yn eigendom hie, dêr't dizze dyk no oer rint.
* ''Wilpkamp'' - wie in stik lân.